Biografy
Richard de Boer (Harns 1976) is by de Fryske Akademy yn dieltyd warber as webredakteur en kommunikaasjemeiwurker. Dêrneist is er freelance sjoernalist. Earder wurke er û.o. as haad kommunikaasje by it keunstsintrum V2_ yn Rotterdam (2003-'05) en as programmaredakteur by it Amsterdamske debatsintrum De Balie (2006-'09). Sûnt 2014 rjochtet er him by de Akademy op wittenskipskommunikaasje, webredaksje, advys en stipe. Hy wie û.o. anneks mei it staljaan fan 'e website Taalweb Frysk (sûnt 2014) en de fernijde website fan 'e Akademy (2016).