Skip to main content

Plantinga, drs. R. (Ronald)

promovendus

Spesjalismen

skiednis

 

Projekten

Fryske bedriuwsskiednis (ûndersyksmeiwurker)

 

Biografy

Ronald Plantinga (Heemskerk, 1988) studearre skiednis oan 'e Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit Leien. Hy spesjalisearre him yn 'e sosjaal-ekonomyske skiednis, en studearre ein 2015 ôf op 'e arbeidsferhâldingen yn 'e sûkeryndustry fan Nederlânsk-Ynje. Dêrnei wurke er in skoft as ûndersiker by de Algemiene Rekkenkeamer. 

Op it stuit wurkt er as ûndersiker yn it projekt Ekonomyske Klusters. Hy is ynteressearre yn hoe't ynnovaasje en kennisfersprieding organisearre wie yn 'e Fryske suvelsektor. It aksint fan it ûndersyk leit op 'e skiednis fan 'e eardere suvelskoalle yn Boalsert. 

 

Publikaasjes (seleksje)

Plantinga, R. (2014). De ruimtelijke verbeelding van PapoeaGroniek 199, 217-228.