Skip to main content

Undersykstema's

 

De Fryske kasus is ús unike stúdzje-objekt. Fan regionaal oant ynternasjonaal stean wy bekend om ús ekspertize en ynterdissiplinêre ynstek. Wat ús ûnderskiedt, is de kombinaasje fan fûneminteel en tapast ûndersyk, fan taalkundige, sosjaalwittenskiplike, histoaryske ûndersyksmetoaden, fan dataanalyze en digital humanities. 

De Fryske Akademy leit de fokus op it Frysk, de meartalige mienskip, regionale skiednis yn ynternasjonaal perspektyf, minderheidstalen en -kultueren en ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren – it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonale wittenskiplike discours, draacht de FA by oan it akademyske klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de mienskip.

It Mercator European Research Centre – ûnderdiel fan de Fryske Akademy – leit him ta op it ûndersykjen, fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens, yndividueel en yn de mienskip, en it learen fan talen, yn formele en ynformele setting. It startpunt fan Mercator leit op it mêd fan lytse en minderheidstalen (autochtoane talen, mar ek migrantetalen).

 


Meartaligens en taal learen

Undersyk nei de maatskiplike en yndividuele aspekten fan meartaligens, yn it foarste plak ûnder taalminderheden.

Nei de side

 

Taaldeskripsje en standerdisearring

Beskriuwing fan it Frysk fan no en fan earder en it ûntwikkeljen fan digitale helpmiddels foar sawol ûndersikers as gewoane taalbrûkers.

Nei de side

 

Syngrony en diagrony yn taal

Undersyk nei it Frysk fan no en fan earder en de fraach hoe't de yn Fryslân sprutsen taalfariëteiten feroarje en inoar beynfloedzje.

Nei de side 

Macht, besit en romte yn Fryslân

Undersyk nei de langetermynûntjouwing fan 'e besits- en machtsferhâldingen yn 'e Fryske lannen tusken Fly en Iems.

Nei de side

 

Midsiuwske rjochtstradysjes

Komparatyf ûndersyk nei Europeeske midsiuwske rjochtstradysjes, mei it Fryske midsiuwske rjocht as spesifike kasus.

Nei de side

 

Kultuer yn iermodern Fryslân

Analyze fan 'e politike en religieuze feroaringen yn Fryslân tusken 1450 en 1800 en fan 'e Fryske identiteit dy't dêrútwei ûntstie.

Nei de side

 

Ekonomyske klusters

Regionaal-histoarysk ûndersyk nei ekonomyske ûntjouwing en belied yn Fryslân sûnt 1870.

Nei de side