Skip to main content
Boerebedriuw Albada oan it Tsjamkedykje yn Balk, 1996. Priveekolleksje famylje Albada

Ekonomyske klusters

As in soad regio’s yn Europa wrakselet Fryslân mei komplekse opjeften. Oerheden sykje mei bedriuwen en kennisynstellingen nei antwurden op 'e útdagingen fan 'e 21ste iuw, lykas befolkingskrimp, globalisearring en duorsumens. In belangryk beliedsterrein is regionale ekonomy. Op dat domein wol de Fryske Akademy mei it tema Ekonomyske klusters (1870-no) in bydrage leverje.

Kennis fan it ferline is belangryk foar strategyske fyzjes en beliedsprogramma’s. De skiedniswittenskip biedt sicht op kontinuïteit en feroaring, wêrtroch't belied better oanslute kin op langetermynûntjouwingen. Histoarysk ynsjoch helpt by it (w)erkennen fan kwaliteiten yn 'e regio, lykas it fermogen ta learen yn regionaal-ekonomyske netwurken. It ferline leart op it lêst wat wol en net wurke hat, sadat de helberens fan beliedsopsjes better ynskat wurde kin.

Dit tema rekket oan it ynterdissiplinêre fjild fan regional studies. Teoryfoarming út dat fjild, rjochte op ûnder oare geografysk konsintrearre netwurken (klusters), ynspirearje it histoaryske ûndersyk. Om sicht te krijen op de unike en generike skaaimerken fan 'e Fryske ekonomy wurdt systematysk ferlike mei oare regio’s yn Nederlân en Europa. Undersyksresultaten sille neist oan belied relatearre rapportaazjes ferskine yn artikels dy't in bydrage leverje oan histoarysk-wittenskiplike debatten oer planning en ekonomyske ûntjouwing. Dêrneist sil mei publikaasjes en fia lêzing en debat in bydrage levere wurde oan diskusjes oer regionaal-ekonomysk belied. 

 

Undersyksdoelen

Oant en mei 2020 en yn gearwurking mei eksterne partners wolle wy mei it tema Ekonomyske klusters it neikommende berikke:

  • Fersterkjen en fernijen fan 'e agraryske en regionaal-ekonomyske skiednis mei help fan 'e kasus Fryslân (yn ferlykjend perspektyf);
  • Syntetyske monografy oer de agrofoodsektor yn Fryslân fan 1870 oant no;
  • Metodologyske ûntwikkeling fan in praktykoriïntearre beliedsskiednis;
  • Bydragen oan ekonomysk beliedsfoarming foar krimpregio’s;
  • Oangean fan gearwurkingsrelaasjes mei it ynterdissiplinêre fjild fan regional studies.