Skip to main content
Letmidsiuwske muorreskildering yn 'e tsjerke fan Woldendorp (Grinslân). Foto: Regnerus Steensma

Midsiuwske rjochtstradysjes

Binnen dit tema wurde Europeeske midsiuwske rjochtstradysjes komparatyf ûndersocht, útgeand fan 'e kasus fan it Fryske midsiuwske rjocht. Hoe ferhâldt it Fryske rjocht him ta dy oare rjochtstradysjes? Dy fraach wurdt fia in tal linen ûndersocht.

Earst wurdt ferlike mei it lânseigen rjocht yn 'e omlizzende gebieten fan Noardwest-Europa, benammen it Noardseegebiet. Twads wurdt de gronology fan 'e ûntjouwing fan it Aldfryske rjocht ûndersocht. De resepsje fan it learde rjocht (Romeinsk en kanonyk) spilet dêrby in belangrike rol. Yn it tredde plak wurdt útgien fan it teoretysk ramt dat troch de kognysjewittenskip en de behavioural sciences oanrikt wurdt. Troch dy lêste wurkwize wurdt it ûnder oare mooglik bydragen te leverjen oan aktuele maatskiplike diskusjes. Sjoch dêrfoar benammen it projekt ‘De wearde fan in minskelibben’.

In eigen rjocht wie ien fan 'e belangrykste uteringsfoarms fan 'e ferneamde Fryske Frijheid – de autonomy dy't de Fryske lannen tusken Fly en Wezer yn 'e midsiuwen hiene. Rjochtsteksten foarmje dêrom it grutste part fan 'e boarnen dy't yn it Aldfrysk (likernôch 1200 – likernôch 1550) skreaun binne. De rjochtsskiednis fan it Frysk begjint lykwols mei in tekst yn it Latyn, de saneamde Lex Frisionum, opsteld ûnder de Karolingyske keningen oan 'e ein fan 'e achtste iuw. Fan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw ôf naam de ynfloed fan it learde rjocht (kanonyk geastlik rjocht mei yn it sok dêrfan it Romeinske rjocht) enoarm ta. En fan 'e fyftjinde iuw ôf ûntstie yn dy gebieten dêr't de Fryske taal it ferlern hie fan it Nederdútsk, benammen yn 'e Grinzer Ommelannen, in grut korpus oan Nedersaksyske oersettingen fan Fryske rjochtsteksten.

Der binne ferbiningen tusken dit tema en Macht, besit en romte yn Fryslân (800-1900) en mei Taaldeskripsje en standerdisearring (foar de histoarysk taalkundige bestudearring fan it Aldfrysk).

 

Undersyksdoelen

  • It Aldfryske rjocht as in oertsjûgjende kasus yn it ynternasjonale discours ynbringe;
  • Fersterkjen en útwreidzjen fan it ynternasjonale netwurk foar ynterdissiplinêr ûndersyk nei midsiuwsk rjocht;
  • Undersykjen fan ’e gronology fan it Aldfryske rjocht en de Aldfryske rjochtsboarnen;
  • Fierder ûntwikkeljen fan in metodology dy’t it mooglik makket ynsjoggen út ’e kognysjewittenskip en behavioural sciences ta te passen op ’e (histoaryske) geasteswittenskippen;
  • Fierder útbouwen fan in Databank Aldfrysk (sjoch tema ‘Taaldeskripsje en standerdisearring’);
  • Fersoargjen fan edysjes fan Aldfryske boarnen.