Skip to main content

FAME! (Frisian Audio Mining Enterprise)

Syngrony en diagrony yn taal

Dit projekt is part fan it NWO-programma 'Creatieve Industrie'. It doel is in automatyske spraakwerkenner foar it Frysk te ûntwikkeljen, dy't ornearre is foar it ûntsluten fan in audio-argyf fan 2500 oeren radioútstjoeringen fan Omrop Fryslân. De útdaging is it bouwen fan in systeem dat him sawol mei Frysk as Nederlânsk rêde kin (code-switching). In twadde ûndersyksmêd is it ferwêzenlikjen fan in longitudinale automatyske sprekkerwerkenning. Om yn in tiidrek fan sa'n 50 jier oan radioútstjoeringen sprekkers te werkennen, moatte ynnovative wurkwizen ûntwikkele wurde foar it omgean mei it ferâlderjen fan 'e stim.

 

Undersykstema
Syngrony en diagrony yn taal

Projektlieder
dr. Hans Van de Velde

Meiwurkers
dr. Jelske Dijkstra

Rintiid
01/07/2015-30/06/2018

Finansiere troch
NWO Creatieve Industrie

Gearwurkingsferbân mei 
Centre for Language and Speech Technology (Radboud Universiteit), Omrop Fryslân, GridLine BV, Tresoar

 

Hoe kinne wy handich en fluch âlde útstjoeringen weromfine? Mei dy fraach wrakselet de regionale publike stjoerder Omrop Fryslân. De Omrop hat sa’n 2300 oeren oan âlde radio-opnamen oerset nei in digitaal argyf. Prachtige histoaryske Fryske radioútstjoeringen, fan ’e fyftiger jierren fan ’e foarige iuw ôf oant no.

Fan ’e measte opnamen witte wy de datum, de namme en it ûnderwerp fan it programma. Mar dêrmei witte wy noch net krekt wêr’t it oer gie, wat der sein waard en wa’t oan it wurd kamen. Om dat op te lossen hat Omrop Fryslân in berop dien op ’e taal- en spraaktechnologen fan ’e Radboud Universiteit yn Nijmegen.

It doel is om software te ûntwerpen dy’t spraak werkent en yn skreaune tekst omset. It lestige is dêrby dat de útstjoeringen fan Omrop Fryslân gauris twatalich binne. Frysk en Nederlânsk wurde trochinoar brûkt.

It idee is om in spraakwerkenner te meitsjen dy’t beide talen “ferstiet”. Boppedat is it de bedoeling dat de sprekker werkend wurdt. Dizze spraak- en sprekkerswerkenning sil in soad gegevens opsmite. Dêrom moat ek in sykprogramma ûntwurpen wurde dêr’t de brûkers maklik mei sykje kinne.

FAME! stiet foar Frisian Audio Mining Enterprise. It projekt wurdt finansiere troch NWO yn it programma foar Creatieve Industrie ûnder projektnûmer 314-99-119.

Sjoch foar mear ynformaasje de website: fame.frl.