Skip to main content
Foto: Engin Akyurt

Dichtwedstriid

Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018/Lân fan taal skriuwt de Fryske Akademy in dichtwedstriid út. De gedichten meie gean oer de Fryske Akademy, oer harren meiwurkers, wittenskippers, útstrieling, oer wat de Fryske Akademy docht, it gebou, de tún, of wat ien mar mear betinke kin. Om’t LF2018 ek om Fryslân giet, meie der ek gedichten ynstjoerd wurde dy’t dêroer geane en fansels mei ien en oar ek kombinearre wurde.

De tsien moaiste, aardichste, grappichste gedichten wurde útkeazen troch in sjuery en komme fan ein maaie ôf yn in tinte yn de binnentún fan de Fryske Akademy te hingjen, as ûnderdiel fan in útstalling yn de simmer.

Prizen
Yn maart 2018 makket de sjuery in kar út de ynstjoerde gedichten. Der wurdt ien haadpriis útrikt (dinerbon fan 100 euro) en twa twadde prizen (VVV-cadeaubon fan 50 euro).

  

Betingsten foar meidwaan:

  • Ynstjoere kin allinne per e-mail nei dichtsje@fryske-akademy.nl
  • Stjoer it gedicht/de gedichten mei as in taheakke yn Word
  • Ynstjoere kin oant en mei woansdei 21 maart 2018, 23.59 oere
  • De taal dêr’t it gedicht yn skreaun wurdt, is it Frysk of, as it in meartalich gedicht is, dan wurdt it Frysk yn alle gefallen ek brûkt
  • Hoewol’t in dielnimmer mear as ien gedicht ynstjoere mei, kin der per persoan mar ien kear in priis wûn wurde
  • Meiwurkers fan de Fryske Akademy (ek frijwilligers, stazjêrs, gastûndersikers ensfh) meie net meidwaan

De útslach wurdt yn wike 14 bekend makke. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde