Skip to main content

Günther-van der Meij, M.T. (Mirjam) MA

promovendus

Spesjalismen

meartaligens; meartalich ûnderwiis; taallearen

 

Projekten

Treddetaalwinning troch betide en lette(re) twataligen (promovendus)

 

Biografy

Mirjam Günther-van der Meij (Hallum 1980) hat yn Amsterdam Ingelsk en Tapaste Taalwittenskip studearre. Dy lêste stúdzje hat se ôfsletten mei in masterskripsje oer mûnlinge taalfeardigens op ’e Trijetalige skoalle (2008).

By de Fryske Akademy wurket se oan it promoasjetrajekt ‘Tredde taalûntjouwing fan balansearre en net-balansearre twatalige jonge adolesinten”, wêryn’t se ûndersiket of balansearre Frysk-Nederlânske twataligen makliker in tredde taal – Ingelsk – leare as net-balansearre Nederlânsk-Fryske twataligen. Se sjocht hjirby nei de taalfeardigens yn ’e trije talen en mentale prosessen dy’t sjen komme by de ferwurking fan de talen. It ûndersyk wurdt útfierd by 77 yn Fryslân wenjende 12-13 jierrigen dy’t in jier lang folge binne.

Mirjam Günther is lid fan de feriening foar tapaste taalwittenskip Anéla en de International Association of Multilingualism (IAM).  

 

Publikaasjes (seleksje)

Van der Meij, M.T. (2008). Mondelinge taalvaardigheid op de Trijetalige skoalle. Een vergelijking van de mondelinge taalvaardigheid in het Fries, Nederlands en Engels tussen leerlingen van een drietalige basisschool en leerlingen van een tweetalige basisschool (Master thesis, Vrije Universiteit Amsterdam).