Skip to main content

Phone
058-233 69 26

Mail
nstefan@fryske-akademy.nl

Research output
pure.knaw.nl

Stefan, M.H. (Nika) MA

PhD candidate

Phone
058-233 69 26

Mail
nstefan@fryske-akademy.nl

Research output
pure.knaw.nl

Spesjalismen

sosjolinguistyk; taalfariaasje; taalferoaring

 

Projekten

Taalbehâld en taalferlies yn it Frysk: in sosjolinguistysk profyl (promovendus)

 

Biografy

Nika Stefan (Wrocław 1985) hat oan de Universiteit fan Wrocław (Poalen) de stúdzje Nederlânske Taal en Kultuer dien, dy’t se ôfsletten hat mei de masterskripsje ‘Achter het masker van gewoonheid: Kenmerken, bijzonderheden en betekenis van neorealistische poëzie in Nederland’ (2010). Dêrnei hat se Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins studearre.

Sûnt 2013 wurket se by de Fryske Akademy oan har promoasjeûndersyk nei taalbehâld en taalferlies yn it Frysk. Dêrby hat se omtinken foar de fariaasje en feroaringen yn it sprutsen Frysk.

Nika Stefan is dêrneist belutsen by it Amsterdam Center for Language and Communication (ACLC) fan ’e Universiteit fan Amsterdam.

 

Publikaasjes (seleksje)

Stefan, M. H., Klinkenberg, E. L., & Versloot, A. P. (2015). Frisian sociological language survey goes linguistic: Introduction to a new research component. In A. J. Brand, E. Hoekstra, J. Spoelstra, & H. Van de Velde (eds.), Philologia Frisica Anno 2014. Lêzings fan it tweintichster Frysk Filologekongres fan de Fryske Akademy op 10. 11 en 12 desimber 2014. (pp. 240-257). Ljouwert: Fryske Akademy; Afûk.