Skip to main content

Akademydei 2018

    Datum en tiid: freed 14 septimber 2018 | 13.30-17.00 oere
    Plak: Oranje Hotel Leeuwarden, Stasjonswei 4, Ljouwert
    Sjoch de útnûging (pdf)
    Opjaan: fia opjefteformulier

De Fryske Akademy nûget alle leden, stipers en relaasjes fan herte út foar it bywenjen fan de jierlikse Akademydei, de 80ste Dies Natalis, it 16de lustrum. De Akademydei wurdt dit jier holden op freed 14 septimber yn it Oranje Hotel Leeuwarden, Stasjonswei 4 (8911 AG) yn Ljouwert. Jo binne fan herte wolkom fan 13.30 oere ôf.

Opjaan
It bywenjen fan de Akademydei is fergees, mar opjaan yn it foar is wol needsaaklik. Jo kinne dat oant uterlik freed 31 augustus 2018 dwaan fia it opjefteformulier op dizze side. It kin fansels ek skriftlik of telefoanysk: Fryske Akademy, Akademydei, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert; tel. (058) 213 14 14. By de opjefte graach oanjaan mei hoefolle persoanen oft jo komme.

    

Grytz en Grize, foto: Djûra Schra

Programma

13.30Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee
14.00

Iepenjen en wolkom troch Willem Smink, direkteur-bestjoerder a.i. Fryske Akademy

Lêzing troch Marjoleine Sloos, postdoktoraal ûndersiker: 'Het Boarnsterhim Corpus: synchronie en diachronie in taal'

Part I muzyk fan Grytz en Grize

Presintaasje en beneamen fan nije leden

15.15

Skoft mei tee/kofje. Yn it skoft is der in boeketafel, fersoarge troch de Afûk

15.45

Lêzing troch Jelske Dijkstra, postdoktoraal ûndersiker: 'Taalferoaring yn it Frysk'

Utrikken skripsjepriis 2016-2018

Part II muzyk fan Grytz en Grize

16.30Ofsluten mei oanslutend neipetear mei in hapke en in drankje

    

Akademydei 2017

    Datum en tiid: freed 15 septimber 2017 | 13.30-17.00 oere
    Plak: Tsjerke De Fontein, Goudenregenstrjitte 77, Ljouwert
    Utnûging en programma: (Frysk) (Nederlânsk). 

Op ús 79ste dies natalis joech Gilles de Langen in lêzing oer 'Terpen, kerken en boerderijen. Interdisciplinair onderzoek naar de nederzettingsontwikkeling in volmiddeleeuws Frisia' en Hans Mol oer 'HisGIS Fryslân: de útwreiding mei it projekt Persoanen en perselen 1750-1900 yn it ramt fan it Deltaplan ErfguodDigitalisearring fan de provinsje. Stân fan saken en perspektiven'. Broer de Witte joech in optreden fan muzyk fan Popma van Oevering. En as fan âlds binne ek dit jier guon minsken fanwegen bysûndere fertsjinsten ta lid fan 'e Fryske Akademy beneamd: Foppe de Haan, Rienk Wegener Sleeswijk en Cisca Wijmenga.