Skip to main content

Us programma op 8 en 9 septimber 2016

De fernijde sit fan de Akademy. Foto: Michel Montsma/GPNo

De ôfrûne oardel jier is der hurd wurke oan de nij- en ferbou fan de Fryske Akademy. De wurksumheden binne efter de rêch en de meiwurkers hawwe allegearre har plak fûn yn in moderne wurkomjouwing. De nije wente fan de Akademy stiet as in hûs.

Op 8 en 9 septimber 2016 presintearret de Fryske Akademy syn nije gebouwen mei bysûndere aktiviteiten: in wittenskiplik kongres, in bysûndere Akademydei yn it Natuermuseum en in offisjele iepening fan de fernijde Fryske Akademy. Wy nûgje jo út om hjir tegearre mei ús oan diel te nimmen. Opjaan yn it foar is wol needsaaklik.

Iepeningskongres: Fryslân yn 'e KNAW

    Datum en tiid: tongersdei 8 septimber 2016 | 10.00-17.00
    Plak: Fryske Akademy (tún), Ljouwert

Akademydei 2016

Resepsje en iepen hûs

    Datum en tiid: freed 9 septimber 2016 | 17.15-20.00
    Plak: Fryske Akademy, Ljouwert

  

Iepeningskongres: Fryslân yn 'e KNAW

tongersdei 8 septimber 2016 | 10.00-17.00

Wy hâlde op tongersdei 8 septimber in iepeningskongres yn de tún fan de Fryske Akademy mei as tema: Fryslân yn it ûndersyk fan de KNAW-ynstituten. Wittenskippers fan ús geastes- en sosjaalwittenskiplike susterynstituten jouwe lêzingen oer nijsgjirrige Fryske tema’s. 

  

Programma

10.00     Ontvangst en koffie

10.30     Opening door Hanno Brand

Friesland in de Republiek: een gewest als geen ander?
10.45     Henk Looijestein (IISG): Memoria, fama, historia. Vroegmoderne Friese hofjesstichtingen in het licht van de eeuwigheid
11.15     Ineke Huysman (Huygens ING): De macht van de brief. Briefwisselingen van Hollandse en Friese stadhoudersvrouwen, 1605-1725

Een land van boeren en boerderijen
11.45     Fridus Steijlen (KITLV): Friese koeien tussen de sawah’s
12.15     Sophie Elpers (Meertens Instituut): De strijd om de wederopbouw van boerderijen. Over de toekomst van de landbouw en de identiteit van Nederland na de Tweede Wereldoorlog.

12.45-13.45 Pauze met lunch

Fryslân in beelden en cijfers
14.00     Erik Somers (NIOD): Het Fries Oorlogs- en verzetsmuseum: een blik van buitenaf
14.30     Peter Doorn (DANS): Friesland in datasets

15.00     Leo van Wissen (NIDI): Friesland een demografisch buitenbeentje?


15.30 – 16.00 Pauze met koffie en thee

Samenleving en wetenschap in het Fryslân van de 21ste eeuw
16.00     Jasper Deuten (Rathenau Instituut): Kennis in de regio: inspelen op de mondialisering van onderzoek en innovatie
16.30     Eric Hoekstra (Fryske Akademy): Over het nut en nadeel van de (Friese) Geesteswetenschap

17.00     Borrel

 

Opjefte

It bywenjen fan it iepeningskongres is fergees, mar opjaan yn it foar is wol needsaadlik. Der binne foar it kongres mar in beheind tal plakken beskikber. Jo kinne dat oant uterlik woansdei 24 augustus dwaan, allinne fia de website: www.akademydei-fa.nl. Op dy site kin ek foar de Akademydei opjûn wurde.

 

Akademydei 2016

freed 9 septimber 2016 | 14.00-17.00

Sible de Blaauw

Wy nûgje alle leden, stipers en relaasjes fan herten út foar de jierlikse Akademydei, dy't dit jier yn it Natuermuseum Fryslân is. Wy fiere de 78e dies natalis fan de Fryske Akademy, mar ek de offisjele iepening fan de fernijde Akademygebouwen. It programma stiet dit jier dan ek foar in grut part yn it teken fan arsjitektuer en de werbestimming fan gebouwen. En ek dit jier wurde wer in stikmannich minsken ta Akademylid beneamd. 

 

Programma

13.30     Ynrin, ûntfangst mei kofje en tee

14.00     Iepenjen en wolkom troch Hanno Brand, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy
              Presintearjen en beneamen fan nije leden
              Lêzing troch Sible de Blaauw: Fan Aldehou oant Pelikaan. Fryske tsjerken as erfgoed yn perspektyf.

15.45     Skoft mei kofje en tee

16.15     Lêzing: De arsjitekten fan de Fryske Akademy. Trije arsjitekten hawwe in grutte rol spile yn it oansjen fan de Akademygebouwen. Trije arsjitektuerkenners sette dizze bepalende mannen yn it ljocht. Leo van der Laan (adviseur gemeente Ljouwert) oer Willem Cornelis de Groot, Johan de Haan (adviseur Ryksboumaster) oer Antonius Coulon en Hans Ibelings (publisist) oer Jo Janssen. Tagelyk wurdt it earste eksimplaar fan it boek De Fryske Akademy: trije iuwen bouskiednis útrikt.

17.00     Ofsluting

 

Resepsje en iepen hûs 

17.15     Nei de ôfsluting rinne wy mei inoar nei de Fryske Akademy. Yn de tinte yn de tún stiet in hapke en in drankje foar jo klear. Fierder is der gelegenheid de nije gebouwen te besjen.

20.00     Ein fan it programma

 

Opjefte

It bywenjen fan de Akademydei, de resepsje en it iepen hûs is fergees, mar opjaan yn it foar is wol needsaadlik. Foar de Akademydei hâlde wy rekken mei in folle seal. Opjefte kinne jo oant uterlik woansdei 24 augustus dwaan, allinne fia de website: www.akademydei-fa.nl.

N.b. Komme jo net nei de Akademydei, mar wolle jo wol graach de gebouwen efkes besjen, dan binne jo wolkom by it iepen hûs dat middeis om 17.15 begjint. Yn dat gefal ek efkes opjaan fia www.akademydei-fa.nl.