Skip to main content

Frysktalige modellen foar de rjochtspraktyk

De Fryske Akademy leveret foar de rjochtspraktyk Frysktalige modellen dy't op dizze side fergees download wurde kinne. De teksten binne yn 'e regel oersettingen fan Nederlânsktalige orizjinelen, mar hjir en dêr binne se bewurke. Alle notarissen kinne de teksten frij brûke.

De teksten binne mei de measte soarch ta stân kommen, mar de Fryske Akademy kin net oanspraaklik steld wurde foar gefolgen dy't efter ynhâldlike of tekstuele ûnkrektichheden wei komme. Wa't op- of oanmerkingen by de modelteksten hat, wurdt útnûge om kontakt op te nimmen mei leksikograaf Pieter Duijff (e-mail: pduijff@fryske-akademy.nl), de gearstaller fan de teksten.

 

Foto: Christiaan Triebert

Ynlieding

Op 1 febrewaris 2002 is de wet fan 22 novimber 2001 (Stb. 574) yngien, dy't regelet dat it karbrief fan in feriening of in stifting yn it Frysk opsteld wurde mei. Dêrfoar waarden sokke karbrieven ek wol yn it Frysk skreaun, mar der moast altyd in Nederlânsktalige oersetting by levere wurde foar de iepenbiere registers.

By de behanneling fan it wetsûntwerp yn 'e Twadde Keamer is troch ferskillende keamerleden nei foaren brocht, dat de mooglikheid ta it opstellen fan Frysktalige karbrieven yn in ferlet foarsjen sil. Yn de rjochtspraktyk wurde lykwols net allinnich karbrieven yn it Frysk opsteld, mar der is ek in beskieden tradysje mei testaminten en oare notariële akten. De opstellers fan akteteksten hawwe yn harren oplieding leard om de teksten yn it Nederlânsk te skriuwen, dat yn 'e praktyk kinne de tekstopstellers swierrichheden ûnderfine by it opstellen fan Fryske akteteksten. Om it harren wat makliker te meitsjen kaam notaris Wolter Nijenhuis yn 1979 mei it boekje Fryske modellen foar it notariaat. Meidat de wet- en regeljouwing no ien kear net stilstiet, binne syn modellen op it stuit net mear goed te brûken. Hjoed-de-dei wurdt boppedat oan modellen de eask steld dat se digitaal beskikber binne.

Ofkoartingen en boarne-oantsjuttingen

By elk fan de modellen is de boarne fan de Nederlânsktalige orizjinele tekst opnommen; yn de measte gefallen giet it om KNB-modellen. Dêrby wurdt as dat mooglik is ek ferwiisd nei it ferzjenûmer fan dy tekst. It kin foarkomme dat de Fryske ferzje noch net de jongste ferzje is. De brûker moat dêrom de orizjinele tekst der altyd eefkes neist lizze.

    AGW » AdemaGastWierda
    KNB » Koninklijke Notariële Beroepsorganisatie
    FA » Fryske Akademy

 

Beskikbere modellen

Feriening

Stifting

Levering en keap

Hypoteek

Houliksbetingsten

Gearlibbing

Erfrjocht

Hiemtsjinstberheden

Kwalitative ferplichting

Pachtkontrakten

Feilingen en iepenbiere ynskriuwingen

 

Subsidiïnten

  • Ministearje fan Justysje
  • Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
  • Provinsje Fryslân
  • Vereniging van Notarissen in het Arrondissement Leeuwarden

 

Begeliedingskommisje

By de kar fan de oer te setten modellen en by it fêststellen fan de definitive modelteksten wurdt de gearstaller stipe troch in begeliedingskommisje dy't bestiet út de juristen:

  • mr. A. Dijkstra, vice-presidint fan it Gerjochtshof Ljouwert (foarsitter);
  • mr. H.Ph. Breuker, notaris yn Drachten;
  • mr. L.A. Detmar, notaris yn Boalsert (lid oant 29 novimber 2002);
  • mr. drs. K.J. van Dijk, Gerjochtshof Ljouwert (lid oant 26 novimber 2004);
  • mr. E.M.W. de Lange, notaris yn Ljouwert;
  • mr. A.A. Lycklama à Nijeholt, earder Provinsje Fryslân;
  • mr. E.L. Veerman, notaris yn Bûtenpost (lid sûnt 17 jannewaris 2003)