Skip to main content
Bysûndere skoalle (Eastermar, 1934). Kolleksje Rienk Nicolai

Skoalmasters yn Fryslân (1600-1950)

Op dizze side is in grutte hoemannichte gegevens tagonklik makke dy't troch Hartman Sannes (1890-1956) sammele is oer de haden fan 'e skoallen yn Fryslân tusken sirka 1600 en 1950.

De oantekens fan Sannes binne neffens gritenij (gemeente) oardere en jouwe ûnder mear ynformaasje oer it lean fan 'e skoalmasters, de nammen fan harren oare helten en bern, de nammen fan eardere en eventueel lettere plakken dêr't se wurke hawwe, ensfh.

Part fan it materiaal is earder ferskynd yn regionale kranten, mar is troch ûndersyksmeiwurker Peter van der Meer oanfolle mei korreksjes en opmerkings fan Sannes sels. In oar part hat noch net earder publisearre west. Sûnt augustus 2008 stiet it foar publikaasje reemakke materiaal online op ús website.

Der is gjin nammeregister op 'e bestannen makke; it materiaal is lykwols sa oardere dat it grutste part fan 'e brûkers harren paad wol fine kinne. Nei alle gedachten is wol bekend yn hokker plak immen as skoalmaster stien hat en is dy oanbelangjende persoan sa wol werom te finen.

De bestannen binne per gemeente fêstlein yn in apart PDF-bestân; dêrbinnen is foar elk doarp in aparte blêdwizer oanmakke.

Reaksjes en opmerkings kinne maild wurde nei Peter van der Meer (e-mail).