Skip to main content

Undersyk nei berteleppels

{Klik hier voor Nederlandse versie}

 

Yn in soad famyljes binne se bekend: de sulveren berteleppels mei in ynskripsje fan ien syn namme en bertedatum, as geskink of as erfstik. Foar in ûndersyk nei dizze tradysje is de Fryske Akademy – ek bûten Fryslân! – op 'e syk nei besitters fan berteleppels of oare sierleppels mei in ynskripsje. 

Yn ús ûndersyk rjochtsje wy ús op de fraach hoe't de sulveren sierleppel ûntstien is en him as tradysje troch de tiden hinne ûntjûn hat. It meast foarkommend is de berteleppel, mar der binne ek wapenleppels, houliksleppels, begraffenisleppels en oare sierleppels (soms ek foarken) mei ynskripsje bekend. It giet ús dus net safolle om it sulver, mar om de betsjutting dy't de leppels hawwe. 

Watfoar gegevens sammelje wy? Graach fernimme wy:

  • de folsleine ynskripsje op de leppel(s) yn jo besit;
  • oft it hjirby giet om in eigen geskink, in famylje-erfstik, of kocht antyk;
  • foar safier bekend: mear gegevens oer de persoan(en) op de leppel(s) en oft bekend is wa't de skinker(s) wienen; oft der eventueel ek bysûnderheden of anekdotes ferbûn binne mei de leppel(s);
  • at it mooglik is: in foto fan de leppel(s).  

Wy — Han Nijdam en Richard de Boer, yn oparbeidzjen mei Jan Schipper (www.zilverstudie.nl) en Hessel de Walle (hesseldewalle.blogspot.com) sille ús ûndersyk publisearje yn it jierboek De Vrije Fries. De gegevens oer de leppels sammelje wy yn in database en ferwurkje wy neffens de jildende privacywetjouwing (AVG). Persoansgegevens wurde net sûnder eksplisite tastimming publisearre.

Hawwe jo berteleppel(s)? Nim kontakt op mei ús fia it mailadres: leppel@fryske-akademy.nl