Skip to main content

Letterkundich Netwurk

It Letterkundich Netwurk (besteande út it eardere Literêr-Histoarysk Wurkferbân) hâldt him dwaande mei it bestudearjen fan de literatuer en literatuerskiednis fan Fryslân yn syn wiidste omfieming.

 

Oprjochtingsjier

1951 (as Literêr-Histoarysk Wurkferbân)

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Eric Hoekstra (e-mail)
Skriuwer: André Looijenga (e-mail)

 

Wat dogge wy allegear?

Aktiviteiten lykas de neikommende:

  • it reemeitsjen fan Fryske tekstútjeften (bygelyks J.C.P. Salverda, H.G. van der Veen en R.B. Windsma);
  • it gearstallen fan bio- en bibliografyen fan Fryske skriuwers;
  • stúdzje nei it Oera-Linda-Boek;
  • it stypjen fan studinten;
  • in kartoteek gearstalle fan bibliografyen fan 19e-iuwske publikaasjes;
  • it organisearjen fan lêzingen; op 7 oktober 2016 is de earste Dei fan de Fryske Letterkunde organisearre. Op 23-25 april 2018 waard in trije-deistige edysje fan dit kongres organisearre, as ûnderdiel fan de 1st Conference on Frisian Humanities.

Sjoch ek ús jierferslaggen 2016, 2018 en 2019 (pdf).

 

Redaksje Literêre Rigen 

De Redaksje Literêre Rigen fersoarget útjeften yn de neikommende Literêre Rigen fan de Fryske Akademy:

  • Magnus Rige, foar Midfryske teksten
  • Iduna Rige, foar njoggentjinde-iuwske teksten
  • Holder Rige, foar tweintichste-iuwske teksten
  • Minsken en Boeken, Rige bio- en bibliografyske skriften

De redaksje bestiet út:

Foarsitter: Piter Boersma (e-mail)
Skriuwer: Janneke Spoelstra (e-mail)
Ernst Bruinsma (Afûk)
André Looijenga (Fryske Akademy/Universiteit van Amsterdam)
Meindert Reitsma (Tresoar)

  

Resinte letterkundige aktiviteiten

  • De ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus fan Waling Dykstra (1821-1914) is yn 2023 foar it earst yn boekfoarm útbrocht. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek is it trettjinde boek yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en is útjûn troch útjouwerij DeRyp.

  • Op Rôze Sneon, 16 oktober 2021, is presintearre, by Tresoar, de twatalige blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’/Jij draagt de liefde aan, Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril/Literatuur van Friesland door een roze bril. It boek is op inisjatyf fan Tresoar ta stân kommen en jout in oersjoch fan lhbty+-literatuer yn Fryslân. De Afûk hat it útjûn. It boek is opnommen yn ‘e Literêre Rigen fan ‘e Fryske Akademy, Rige Minsken en Boeken, nû. 28.

  • Freedtemiddei 10 septimber is op de Akademydei yn it WTC yn Ljouwert de blomlêzing út it wurk fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889) presintearre: Lang haw 'k net nei skoalle west. De samling proaza en poëzij is besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber. 
    It boek is útkommen yn 'e Iduna-rige, rige njoggentjinde-iuwske teksten fan de Fryske Akademy. It earste eksimplaar is oanbean oan direkteur-bestjoerder Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm.

  • Yn ’e Iduna-rige, rige fan njoggentjinde-iuwske teksten fan de Fryske Akademy, kaam in blomlêzing út fan de ferhalen fan Waling Dykstra, Folksskriuwer (2020). Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries. Sjoch hjir foar in ferslach fan 'e oanbieding.
     
  • Der binne twa Dagen fan de Fryske Letterkunde organisearre troch Eric Hoekstra en Reinier Salverda (Letterkundich Netwurk).
  • Yn ’e Rige Minsken en Boeken kaam in blomlêzing út fan de gedichten fan Waling Dykstra, Duvelskeunster (2019), gearstald troch Abe de Vries. Yn 2015 kaam yn deselde rige in blomlêzing út fan de Fryske en Hollânske fersen fan Johannes Bernard Schepers, Zonder liefde leefde nooit een lied, gearstald troch Tsjerk Veenstra.
  • Midfrysk Goud, in blomlêzing dêr't yn besocht wurdt it perspektyf op Fryske literatuer yn de 17de iuw by te stjoeren, ferskynde yn 2015 by útjouwerij Elikser. De útjefte waard troch Eric Hoekstra en Reinier Salverda presintearre op Akademydei fan dat jier.