Skip to main content

Wurkgroep Maritime Skiednis

 

De Wurkgroep Maritime Skiednis wol de stúdzje nei en de belangstelling foar de maritime skiednis fan Fryslân befoarderje, ûnder oaren mei in jierliks sympoasium.

Persoanen dy't sels aktyf ûndersyk dogge nei de (Fryske) maritime skiednis, kinne lid wurde fan de wurkgroep. Oan it lidmaatskip is gjin kontribúsje ferbûn, mar leden wurdt frege om stiper te wêzen fan de Fryske Akademy. Oanmeldingen as fragen om ynformaasje graach stjoere nei de skriuwer fan de wurkgroep.

 

Oprjochtingsjier

2008

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter/ponghâlder: Peter Tolsma 
Skriuwer: Hester Postma (e-mail)
Leden: Hanno Brand, Johan Steendam, Jelle Jan Koopmans

 

Wat dogge wy allegear?

Aktiviteiten lykas de neikommende:

  • It organisearjen fan iepenbiere kongressen oer de (Fryske) maritime skiednis;
  • Befoarderjen fan - as it sels publisearjen fan ûndersyksresultaten;
  • It befoarderjen fan de ûntsluting en de berikberens fan relevante boarnen;
  • Befoarderjen fan de ûnderlinge gedachtewiksel fan de leden.

 

Aktiviteiten

 

Nij: 

  • Sneon 4 novimber 2023
    Hjerstgearkomste te Warkum (útnûging) - opjefte oant 20 oktober 2023..
     
  • Sneon 3 febrewaris 2024
    Sympoasium Wurkgroep Maritime Skiednis, Fries Scheepvaartmuseum, Snits
    Tema: 'Friezen in de gewestelijke admiraliteiten (16de-18de eeuw). Bevelhebbers, bemanningen en bestuurders'.
    Mear ynformaasje folget.

 

Jierlikse sympoasia

  • 8 oktober 2022: Houtvaart en Houthandel in de vroegmoderne tijd
  • 19 januari 2019: Traditionele visserij op de Zuiderzee en Waddenzee
  • 26 mei 2018: Tweehonderd jaar zeevaartonderwijs in Harlingen
  • 21 jannewaris 2017: 1666: De ramp van Vlieland en Terschelling (sympoasium) (programma yn pdf)
  • 23 jannewaris 2016: Het maritieme verleden van de Friese Zuidwesthoek (sympoasium)
  • 31 jannewaris 2015: Maritieme geschiedenis van Harlingen (sympoasium)
  • 31 jannewaris 2014: Op zoek naar het echte (sympoasium)
  • 3 febrewaris 2012: De Sonttolregisters als bron voor onderzoek (sympoasium)
  • 23 septimber 2011: Makkumer koopvaardij (sympoasium)
  • 29 jannewaris 2010: Steden, Schippers en Sontvaart, Friesland en de Hanze, circa 1300-1550 (sympoasium)
  • 7 febrewaris 2009: Verlopen getij? De Friese Koopvaardij in de 19e eeuw (sympoasium)

 

Notulen & gearkomsten 

 

 

Sjoch ek:

  • Het Hindelooper scheepsboek (1715-1718) van Johannes Hempenius (1686-1760); opvarenden en reders van zeeschepen, besoarge troch Peter van der Meer en Jan de Vries
  • Spesjaalnûmer It Beaken 77 (2015) nr. 1/2 mei fjouwer bydragen oer Fryske maritime skiednis
  • Ynterview mei Jan de Vries (GPTV, 11 febrewaris 2009)