Skip to main content

11e Dei fan de Fryske Taalkunde (online)

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne. De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. 

It evenemint sil online plakfine. Wolle jo ien of mear lêzingen bywenje? Dat kin troch in mail te stjoeren oan ehoekstra@fryske-akademy.nl. Jo krije dan in ZOOM-link tastjoerd. Dielnamme is fergees. 

Wannear:   tongersdei 18 novimber 2021
Wêr:             Online fia ZOOM

Wannear:    freed 19 novimber 2021
Wêr               Online fia ZOOM

Sjoch hjir foar it Programma

Sjoch hjir foar it Programma en Abstracts