Skip to main content

Agri&Foodscan Fryslân 2020

De tredde Agri&Foodscan Fryslân, mei as tema de rol fan kennis en ynnovaasje yn de transysje nei duorsumheid, ferskynt hjoed. Der wurdt neigien foar hokker útdagings oft de sektor stiet, en analysearre op hokker wize oft regionale inisjativen in bydrage leverje kinne. Sa docht ûnder mear bliken dat yntermediêre organisaasjes in wichtige rol spylje by it útwikseljen fan kennis yn de transysje nei duorsumheid.

Transysje is kompleks
De transysje nei in duorsume produksje fan ús iten is kompleks troch it ferskaat fan útdagings en belangen. Der komt in soad op de agri- en foodsektor ôf: de maatskiplike eask om de belêsting fan it miljeu te ferminderjen, de feroarjende fraach fan de merk, it ôfnimmend bioferskaat en de klimaatferoaring. Tagelyk wurdt der omwraksele mei de fraach op hokker wize oft de sektor ekonomysk rendabel bliuwe kin. De konsekwinsje fan dizze kompleksiteit is dat in dúdlike en konkrete oplossing foar de sektor as gehiel der noch net is.

Nije produksjewizen
Lokale en regionale eksperiminten mei nije produksjewizen kinne bydrage oan de transysje, trochdat op lytse skaal ferkend wurdt hoe’t duorsumer wurkwizen yn de praktyk útpakke. Foarbylden binne nije molkestreamen, lykas Weideweelde; dêrby nimme boeren maatregels op it stik fan duorsumheid en dêr krije se in hegere molkepriis foar. Foar it berikken fan de ambysjes op it gebiet fan de ekologyske duorsumheid, is it lykwols noch ûnwis oft de kombinearre strategyen fan oerheidsbelied en nichemerken genôch ympakt hawwe.

Yntermediêr wichtich foar it útwikseljen kennis
De transysje nei duorsumheid freget dêrneist om nije kennis en feardichheden. Al de nije inisjativen om kennisúntwikkeling hinne litte sjen, dat oerheden, ûndernimmers en kennisynstellings dêr yn Fryslân al drok mei dwaande binne. Yn it rapport stiet in analyze fan de kennisynfrastruktuer yn Fryslân. Dêr docht út bliken, dat yntermediêre organisaasjes troch de ferbining mei oare organisaasjes in wichtige bydrage leverje oan it útwikseljen en fersprieden fan kennis. De strategy om dy organisaasjes te stypjen biedt kânsen om de transys nei duorsume lânbou te realisearjen.

Agri&Foodscans Fryslân
Agri&Foodscan Fryslân 2020; Kennis en innovatie in de Friese landbouw en verwerkende industrie is de tredde en lêste yn de rige Agri&Foodscans fan de Fryske Akademy. Yn dizze skens wurde sifers, trends en ûntjouwings yn de Fryske lânbou op in rychje set. De earste Agri&Foodscan Fryslân ferskynde yn novimber  2018 en joech in oersjoch fan de wichtichste trends en ûntjouwings. It twadde diel – dat ein septimber 2019 útkaam – gie neier yn op de ekonomyske en ekologyske duorsumheid yn de sektor.