Skip to main content

Game fan Mercator/ Fryske Akademy wint Belgyske designpriis

De meartalige augmented reality game ‘BabelAR’, ûntwurpen troch in kollektyf fan kennisynstituten út Fryslân, België, Baskenlân en Ierlân, hat de earste priis wûn yn de kategory Digital Product fan de prestizjeuze Belgyske designpriis Henry van de Velde Awards. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, wie de koördinator fan VirtuLapp, it projektkollektyf dat de game ‘BabelAR’ betocht en ûntwikkele hat. NHL Stenden Hegeskoalle wie teffens nau belutsen by it projekt as associate partner.

De Henry van de Velde Awards binne de meast prestizjeuze designprizen yn België. De Awards, ferneamd nei de belangrike ûntwerper, foarmjouwer en arsjitekt Henry van de Velde, toane en lauwerje sawol nasjonaal as ynternasjonaal Flaamske ûntwerpers, bedriuwen, produkten, projekten, tsjinsten en systemen dy 't in positive ympakt hawwe op de maatskippij, it miljeu en de ekonomy.

De útrikking wie tiisdei 8 febrewaris yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel. De Flaamske game-ûntwikkeler fan it VirtuLApp-projekt hat de priis yn ûntfangst nommen. De organisaasje wie yn hannen fan Flanders District of Creativity (Flanders DC) en it Vlaams Agentschap Innoveren & Ondernemen (VLAIO).

De priis is in trofee en de bysûndere mooglikheid om it winners-logo fan de Henry van de Velde Awards te brûken yn alle kommunikaasje-uteringen. Oant 10 april 2022 is BabelAR ek noch te sjen op in spesjale design-eksposysje yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel.

BabelAR

De game ‘BabelAR’ is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld. Yn dizze augmented reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. De game is makke yn 14 talen, wêrûnder it Frysk en it Nederlânsk, en fergees del te laden op iOS en Android.

De game wie betocht troch Joana Duarte, professor Multilingualism op de NHL Stenden Hegeskoalle. It spul is ûntwikkele binnen VirtuLApp, in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma. De projektkoördinaasje wie yn hannen fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens. De projektpartners binne, neist Mercator, ATiT (Audiovisual Technologies, Informatics and Telecommunications) út België, Luca School of Arts út België, Trinity College Dublin út Ierlân en de Universiteit fan it Baskenlân/ Euskal Herriko Unibertsitatea út Spanje.

Projektwebside: https://virtulapp.eu/
Mercator Europeesk Kennissintrum: https://www.mercator-research.eu/