Skip to main content

Gjin echte taalstriid mear yn Fryslân

Mei de groeiende mobiliteit fan de befolking liket it wol in wûnder dat it Frysk noch bestiet. Foto: Christiaan Triebert/Flickr

Ynwenners fan Fryslân binne yn de rin fan de tiid minder Frysksinnich en mear meartalich wurden. Dat docht bliken út de fjirde taalsosjologyske survey Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje. De rapportaazje mei de earste resultaten fan de survey wurdt hjoed oanbean oan Provinsjale Steaten.

In grut part fan de Friezen dy’t oan dizze survey meidien hawwe, rekkenet himsels sawol ta de Fryske as de Nêderlanske taalgroep. Meartaligens liket de noarm te wêzen en in echte taalstriid yn de provinsje is gjin sprake fan. In grutte mearderheid fan de Frysktaligen jout oan net negatyf foar it Nederlânsk en Nederlân oer te stean. Boppedat liket fatsoen de regel yn de omgong mei taal te wêzen. It docht bliken dat it foar in grutte groep Frysktaligen dreech is om troch te gean yn it Frysk wannear’t guon minsken it net ferstean kinne. It tefoaren kommen fan útsluting fan petearpartners liket wichtiger te wêzen as it brûken fan it Frysk.

It Frysk is troch de jierren hinne hieltyd fanselssprekkender wurden yn offisjele en iepenbiere domeinen. Mar út it ûndersyk docht bliken dat de behearsking en it brûken fan de taal op tal fan mêden tebekrint. Sa wie it oandiel húshâldens mei Frysk as thústaal yn de surveys fan de Fryske Akademy út 1969, 1984 en 1994 mear as de helte. No is dat persintaazje ûnder de 50 persint sakke.

Opfallend is dat it tal minsken dat oanjout it Frysk skriuwe te kinnen, yn de rin fan de tiid tanommen is. Mar wierskynlik is hjir gjin sprake fan in echte tanimming fan de skriuwfeardigens. Mei de opkomst fan de sosjale media is de rol fan it Fryskskriuwen mear ferskood rjochting it praten, lykas yn WhatsApp en sms. Dêr wurdt lang net altyd neffens de Fryske noarm skreaun. It skriuwen neffens dy noarm, lykas yn brieven, e-mails en publikaasjes, bliuwt ek yn dizze survey beheind.

Groeiende mobiliteit

Mear as 3800 Friezen hawwe meidien oan de survey Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje, dy’t troch projektlieder Edwin Klinkenberg en promovendus Nika Stefan útfierd waard yn opdracht fan Provinsje Fryslân. De survey bout fierder op in ûndersykstradysje dy’t de Fryske Akademy yn de sechstiger jierren ynsette mei in ûndersyk nei lês- en praatgewoanten yn Fryslân. Mei de gegevens fan de eardere surveys út 1969, 1984 en 1994 en de provinsjale fluchhifkings (Taalatlassen) fan 2007, 2011 en 2015 koene al of net positive ûntjouwingen yn de Fryske taalsituaasje oer meardere generaasjes hinne besjoen wurde.

Yn dy perioade fan fyftich jier hat de Fryske taal syn relative isolemint ferlern. Mei it each op de groeiende mobiliteit fan de befolking en de tanommen oanwêzigens fan it Nederlânsk, liket it wol in wûnder dat it Frysk noch bestiet en noch net fuortfage is troch it Nederlânsk. Mar, sa wurdt steld yn de rapportaazje, de delgong yn it brûken fan it Frysk is troch it provinsjaal taalbelied en maatskiplike aksje troch partijen lykas de Ried fan de Fryske Beweging miskien wol wat ôfremme.

Yn 2018 ferskynt in Ingelsktalige boekpublikaasje mei de folsleine resultaten en in útwreide tsjutting fan de survey.

Download:

Sjoch ek: