Skip to main content

HisGIS wreidet út nei Dútslân

It HisGIS-projekt is útwreide mei in histoarysk-geografysk ynformaasjesysteem foar de Dútske stêd Leer (Ostfriesland). Fan ‘e moarn waard HisGIS Leer op it stedhûs fan Leer presintearre oan boargemaster Beatrix Kuhl en it oanwêzige publyk.

HisGIS Leer jout in detaillearre perselekaart basearre op it Prusyske kadaster fan likernôch 1875 en is ûnder mear ferrike mei kadasterkaarten út 1898 en grûnkaarten út 1938. It ôfrûne jier waard HisGIS Leer ûnder lieding fan Hans Mol (Fryske Akademy) en Paul Weßels (Ostfriesische Landschaft) as pilotprojekt foar Ostfriesland ûntwikkele. Mei dit pilotprojekt wurdt ferkend oft HisGIS as histoarysk-geografysk ynformaasjesysteem foar Ostfriesland en Dútslân fierder ûntwikkele wurde kin.

It pilotprojekt waard útfierd yn it ramt fan it Dútsk-Nederlânsk gearwurkingsferbân Skiednisnetwurk, mei stipe fan it Landesamt für Geoinformation und Landesvermessung Niedersachen Regionaldirektion Aurich, it Niedersächsisches Landesarchiv - Standort Aurich, de stedsgemeente Leer en it Heimatmuseum Leer.