Skip to main content

Startskot foar projekt VirtuLApp

Kick-off meeting fan VirtuLApp op moandei 15 oktober 2018, foto's: Hindrik Sijens.

Mei in gearkomste fan ynternasjonale partners yn 'e Erfgoedkeamer fan de Fryske Akademy op 15 en 16 oktober is it startskot jûn fan it nije projekt VirtuLApp (Virtual Language App).

In ynternasjonaal konsortium, besteande út it kennissintrum foar meartaligens Mercator (Nederlân) ATiT (België), Luca School of Arts (België), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del Pais Vasco (Spanje), sil oan 'e slach mei it ûntwikkeljen fan in ynnovative multididaktyske oanpak dy't learkrêften yn 'e klasse brûke kinne yn in (meartalige) situaasje.

It útgongspunt fan VirtuLApp is it ferlet fan learkrêften oan mear kennis en ark foar meartalich ûnderwiis en it yntegrearjen fan lytse talen en migrantetalen yn 'e klasse. Dêrta wurdt in augmentearre en firtuele realiteitsapplikaasje oer meartalich ûnderwiis ûntwikkele. Tagelyk wurdt in digital hânboek en in toolkit mei fideodokumintaasje fan bêste praktykfoarbylden fan skoallen dy't al mei taalferskaat yn 'e klasse wurkje.

It projekt VirtuLApp wurdt stipe troch it Erasmus Plus programma fan 'e Europeeske Kommisje en sil trije jier rinne.