Skip to main content

Kognaten helpe by it weromkennen fan wurden

It hat bliken dien, dat it weromkennen fan wurden troch twatalige Frysk-Nederlânske bern ôfhinget fan ynhoefier’t de twa talen inoar oerlaapje. Dat ûndersochten Evelyn Bosma, Elma Blom, Eric Hoekstra en Arjen Versloot yn in wittenskiplik artikel oer it winnen fan kognaten by Frysk-Nederlânske twatalige bern. It stik ferskynde dizze moanne yn it tydskrift International journal of Bilingual Education and Bilingualism.

Kognaten binne wurden út ûnderskate talen dy’t wat foarm en betsjutting oanbelanget opinoar lykje, sa as poes – poes en hân – hand. By it learen fan in twadde taal binne dy kognaten fansels tige handich. Wat wy oan no ta net wisten, is oft it weromkennen fan dy kognaten ôfhinget fan ynhoefier’t der oerlaap is tusken de twa talen, dus oft bern identike kognaten lykas poes => poes makliker weromkenne as net-identike kognaten lykas hand => hân.

En is it ek noch fan belang oft by dy net-identike kognaten de oerlaap regelmjittich is en yn mear wurdpearen foarkomt? Behalven hân en hand binne der nammentlik ek noch strân en strand, lân en land en bân en band. Der is dus in regel, dat wurden dy’t yn it Frysk mei -ân ophâlde yn it Nederlânsk mei -and ophâlde.

It liket foar de hân te lizzen, dat dat sa is, mar hoe kin it oantoand wurde? Wy kinne net streekrjocht yn ’e hollen fan bern sjen. En wat betsjut soks foar it ‘organisearjen’ fan taal yn ’e hollen fan bern?

Oan it ûndersyk fan Bosma, Blom, Hoekstra en Versloot diene 120 bern mei fan skoallen út Akkrum, Baard, Boazum, Deinum, Itens, Jorwert, Mantgum, Nij Beets, Easterwierrum, Weidum,  Wiuwert, Winsum, Wommels en Wâldsein. Yn ’e mande mei twa testassistinten, Paula van Zwol en Anke Wagenaar, gyng Bosma trije kear de skoallen bylâns om ‘wurdspultsjes’ te dwaan mei de bern, hieltyd mei in tuskenskoft fan in jier.

Yn it International Journal of Bilingual Education and Bilingualism dogge de ûndersikers ferslach fan ’e útkomsten fan harren ûndersyk. It weromkennen fan wurden hinget yndied ôf fan ynhoefier’t der oerlaap is tusken it Frysk en it Nederlânsk. Dat kin ôflaat wurde út ’e statistyske analyze fan ’e testresultaten. Namste mear oft it Fryske wurd op it Nederlânsk liket, namste better oft de bern dy’t thús net folle Frysk hearre it wurd weromkenne. Dêrnjonken geane dy bern as se âlder wurde it meast foarút op kognaten mei in regel, lykas hân en hand.

Ut it krekneamde lûke de ûndersikers de konklúzje, dat sokke bern troch de tiid hinne better wurde yn it weromkennen fan ’e regelmjittichheden yn ’e oerlaap tusken it Frysk en it Nederlânsk. Soks betsjut, dat Fryske en Nederlânske wurden dy’t opinoar lykje yn it brein automatysk ticht byinoar opslein wurde. It brein is in foech rekkenwûnder, dat algeduerigen neigiet hokfoar wurd liket op hokfoar oar wurd, en hoe bot oft it dêr op liket.

Lês mear: