Skip to main content

Leiens âldste kadaster (1832) online

Wa’t troch iernjoggentjinde-iuwsk Leien strune wol en alles oer de pânen fan doe en har eigeners witte wol, kin de 'sleutelstad' no fine op www.hisgis.nl. It âldste kadaster fan de binnenstêd fan Leien, út 1832, is hjoed ûntsletten as earste stêd yn it projekt HisGIS Nederlânske stêden.

It HisGIS-projekt fan de Fryske Akademy, ûnder lieding fan Hans Mol (ek ferbûn oan it Ynstitút foar Skiednis fan de Leidske universiteit) en Johan Feikens, biedt digitale kaarten mei histoaryske geodata oer minsken, besit en erfguod. Dêrmei kinne histoaryske ûntjouwingen yn romte en tiid op in detaillearre lokaal nivo analysearre wurde. De basislaach fan HisGIS wurdt foarme troch it digitalisearre napoleontyske kadaster út 1832, mei it perseel as lytste kartografyske ienheid.

Leien is neist it al beskikbere Amsterdam en de Fryske alve stêden in moaie proeftún om de mooglikheden fan dit geografysk ynformaasjesysteem foar in relatyf grutte, wichtige histoaryske stêd te testen. Foar Leien kinne nammentlik krekt as yn Amsterdam de perselen keppele wurde oan in krekte analoge huzekaart, yn dit gefal de wyk- en buorrenkaart fan 1850. Dy buorrenkaart, mar ek de kaart fan Blaeu út 1649, in goalera- en tyfuskaart útjûn yn 1870 en oare kaarten binne as eftergrûnlaach beskikber.

Krekte georeferinsje
It HisGIS-team joech gâns omtinken oan krekte georeferinsje en is der mei gebrûk fan mei digitale techniken yn slagge om foar de perselen yn de Leidske binnenstêd anno 1832 in ôfwikingstolerânsje fan op syn heechst 1 meter te realisearjen.

Ut de macht oan histoaryske datasets foar de fyftjinde oant en mei de njoggentjinde iuw wurdt takom maitiid noch in húsnûmerlaach tafoege oan HisGIS Leien. Dêrby wurdt gearwurke mei de Leidske bouhistoarikus Jan Dröge. Net lang dêrnei sil it gebiet útwreide wurde mei de kadastrale gemeenten om Leien hinne: Rijnsburg, Oegstgeest, Warmond, Leiderdorp, Koudekerk en Zoeterwoude.

Oan it ynfieren fan de perseeldata is meiwurke troch frijwilligers fia de crowdsourcingsite VeleHanden. It projekt wurdt ek stipe troch DANS-KNAW en slút oan by it NWO-Alfa Mearwearde-projekt Mapping Historical Leiden fan de archeologe Roos van Oosten (Universiteit Leien) en de mediëvist Arie van Steensel (Ryksuniversiteit Grins).

Yn it projekt HisGIS Nederlânske stêden steane nei Leien ûnder oaren noch Den Bosch, Hoorn, Maastricht en Dordrecht op it programma. Meihelpe mei it ynfieren fan perseelgegevens kin noch altyd fia VeleHanden.