Skip to main content

Meidieling oer opstappen RfT-leden

Twa leden fan de Ried fan Tafersjoch hawwe harren ûntslach yntsjinne: Jan-Meinte Postma en Hanneke Lens. Yn de Leeuwarder Courant fan sneon 10 desimber wurdt oer it opstappen berjochte. 

Optheden rint der in evaluaasje fan de Ried fan Tafersjoch, yn opdracht fan de KNAW en de Provinsje Fryslân. It stânpunt fan de KNAW, de Provinsje en de Fryske Akademy is dat de kommisje syn wurk sûnder tuskentiidske bemuoienis of mieningsfoarming fan oaren ta in goed ein bringe kinne moat.

Dêrom wachtsje KNAW, Provinsje en Fryske Akademy it evaluaasjerapport ôf. Dat sil yn de rin fan jannewaris 2017 ferskine.