Skip to main content

Mercator-rapport foar EU-parlemint

Taalplenning foar minderheidstalen moat in sleutelkwestje wurde yn it nasjonale belied fan EU-lidstaten.

Dat advisearret it Mercator Research Centre yn in rapport oer minderheidstalen en ûnderwiis foar it Europeesk Parlemint. EU-lidstaten moatte stimulearre wurde om in trochgeande learline foar minderheidstalen fan foarskoalske edukaasje oan it tertsjêr ûnderwiis ta te ferwêzentlikjen.

It rapport ‘Minority Languages and Education: Best Practices and Pitfalls’ skreauwen Rixt van Dongera, Cor van der Meer en Richt Sterk fan it Mercator Research Centre yn opdracht fan de kultuer- en ûnderwiiskommisje CULT fan it Europeesk Parlemint.

It Europeesk Parlemint hat om dit rapport frege om sadwaande ynsjoch te krijen yn de situaasje fan minderheidstalen yn it ûnderwiis yn Europa. It rapport biedt in djipsnijende ferlykjende analyze fan trettjin taalkasussen, ûnder oaren dy fan it Frysk yn Nederlân, it Baskysk yn Frankryk en Spanje, it Dútsk yn Italië (Súd-Tiroal) en it Hongaarsk yn Roemenië, Slowakije en Slovenië.

Nettsjinsteande de mannichte oan histoaryske en politike ferskillen hawwe dy minderheidstalen deselde grutte útdagingen, lykas it tekoart oan kwalitatyf lesmateriaal en kundige masters en juffers yn de minderheidstalen. It rapport jout spesifyk omtinken oan it beropsûnderwiis en karriêreperspektiven.

De auteurs jouwe oanbefellingen hoe’t de EU minderheidstalen stypje kin yn it ûnderwiis. Sa wurdt advisearre om programma’s op te setten dy’t de útwikseling fan best practices befoarderje, om EU-breed ûndersyk nei ûnderwiis en taallearen te befoarderjen en de ûntwikkeling fan kwalitatyf lesmateriaal yn minderheidstalen fuort te sterkjen.

Op 23 maart o.a. sil Richt Sterk, ien fan de auteurs, de befiningen fan it rapport yn Brussel presintearje.