Skip to main content

'17de-iuwsk Frysk út Noard-Hollân'

By de Fryske taal tinke de measte minsken oan de provinsje Fryslân, yn it noarden fan Nederlân. Net folle minsken witte dat it Frysk earder yn in folle grutter part fan it hjoeddeistige Nederlân praat waard.

It binne suver allinne histoarysk taalkundigen en dialektologen dy't har dat bewust binne. Oan 'e hân fan benammen plak- en wetternammen is nei te gean dat hiel Noard- en Súd-Hollân (sa likernôch oant de Nieuwe Maas by Rotterdam) yn de iere midsiuwen Frysktalich wiene. It ‘IJ’ by Amsterdam is in foarbyld fan sa’n oarspronklik Fryske wetternamme. Net om ‘e nocht hjit de kop fan Noard-Hollân ‘West-Friesland’. It tradisjonele dialekt fan dy krite befettet noch altiten Fryske wurden, al is it in dialekt fan it Nederlânsk en net fan it Frysk. Oant no ta wie der noch net in tekst yn it Frysk fan Hollân fûn.

Nije tûke oan Fryske taalfamylje
Yn in sangbondel, printe yn Amsterdam yn 1643, stiet in ‒ frijwat skabreus – leafdesliet, yn in taal dy’t Frysk eaget, mar hiel bot ôfwykt fan it Frysk sa’t dat yn de 17de iuw yn de provinsje Fryslân praat waard. De bondel jout spitigernôch gjin skriuwersnamme, mar der binne sterke ynhâldlike en taalkundige oanwizings dat de tekst skreaun is yn it Frysk fan Noard-Hollân. Dêrmei wurdt der in nije tûke oan de Fryske taalfamylje taheakke.

Lêzing prof. Arjen Versloot
Prof. dr. Arjen Versloot, heechlearaar Germaanske taalkunde, yn it bysûnder fan de Dútske Skandinavyske en Fryske talen, oan de Universiteit van Amsterdam, hâldt op tiisdei 24 april om 16.50 oere in lêzing oer dizze fynst en jout dêr in taljochting by. De lêzing ‘Fries in Holland: een nieuwe kijk op taalgeschiedenis’ wurdt holden yn de Ljouwerter Stedsskouboarch De Harmonie, as ôfsluter fan de twadde dei fan de 1st Conference on Frisian Humanities. De tagong ta dizze presintaasje is fergees. 

Sjoch ek: