Skip to main content

Aldfryske grêfstien weromfûn

De stien fan Tsjepke fan Oenema

F.l.n.r. Jacob van der Vaart (Argeologysk Wurkferbân) en Melle Koopmans en Hessel de Walle fan 'e grêfskriftekommisje.

De tsjerke fan Terkaple, mei op 'e foargrûn de mânske grêfstien fan Douwe fan Roarda en syn frou Elisabeth Borghreeff. Foto's: Hendrik de Jong

By de restauraasje fan 'e tsjerke fan Terkaple is dizze wike in 531 jier âlde grêfsark tefoarskyn kommen. Dat meldet de Grêfskriftekommisje, in frijwilligerskrite fan it Genealogysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy.

De stien út 1485 is fan 'e Fryske ealman Tsjepke fan Oenema en hat as ynskripsje:

    M CCCC en LXXXV do staerf Tyepka Onama op may dey. Biddet foer die syel en Pater noster

De stien is dêrmei de op ien nei âldste grêfynskripsje mei Aldfryske wurden dy't ús op it stuit bekend is. De âldste grêfstien mei Aldfryske skaaimerken is ien út 1476, fan in pryster Dirk yn 'e tsjerke fan Bears:

    Int iaer ons here MCCCCLXXVI doe staerf her Dirck personer to Bers des tours deis voer palma bid voer die ziel

Yn 'e boarnen wie de grêfstien fan Tsjepke fan Oenema yn 'e tsjerke fan Terkaple al bekend; yn it jierboek De Vrije Fries fan 1842 wurdt de stien beskreaun, mar de ynskripsje waard doe net krekt werjûn.

De stien is fan reade sânstien makke, ôfkomstich út Dútslân, en wie neffens de Grêfskriftekommisje wierskynlik earder – yn 'e 11de of 12de iuw – brûkt as in grêflid sûnder tekst op in sarkofaach.

Ferslach troch de Grêfskriftekommisje
De tsjerke fan Terkaple wurdt op it stuit – simmer en hjerst 2016 – restaurearre. Yn dy tsjerke wienen foar besikers in tal grêfstiennen al sichtber ûnder in tripleksplaat. De âldste stien, út de mid-16de iuw, is fan ealman Keimpe fan Oenema en syn suster Doutsje. In oare is in grutte 17de-iuwske stien mei in lingte fan 405 sintimeter en in breedte fan 225 sintimeter, mooglik de grutste fan Fryslân. It is de stien fan Douwe fan Roarda en syn frou. 

Yn in artikel út it jierboek De Vrije Fries fan 1842, 'De kerk te Terkaple van binnen, den 3 September 1840 opgenomen' (pdf), wurde dy twa stiennen neamd, mar ek noch in tredde – dy fan Tsjepke fan Oenema:

    In het jaar ons Heren M CCCC LXXXV do staerf TYEPKA ONAMA , op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster

Dizze stien is yn wike 38 op 'en nij te foarskyn kommen. Dit joech ús de kâns de tekst nochris kritysk te besjen. No lêze wy: 

    M CCCC LXXXV do staerf tyepka onama op may[dey] biddet foer [die syel en pater noster]

It stik tusken heakjes is dreech te lêzen. Opfallend is dat it earste stik ûntbrekt. It soe fansels kinne dat in stik fan 'e stien ôfbrutsen en ferdwûn is, mar dêr liket it net op. It stik In het jaar ons Heren is nei alle gedachten oan 'e fantasij fan 'e skriuwers ûntspruten. Op stiennen fan ferlykbere âlderdom begjint de tekst mei int iaer ons heren.

Neffens de publikaasjes fan Reinder S. Roarda soene yn dizze tsjerke noch twa sarken west hawwe, mar dy binne oant no net weromfûn.

De stien fan Oenema leit no, tegearre mei in altaarstien út ’e 14de of 15e iuw, beskermd ûnder in tripleksplaat.

Kommende tiisdei giet it boubedriuw fierder mei de restauraasje fan de tsjerke.

Hessel de Walle en Hendrik de Jong