Skip to main content

Dútsk-Nederlânske migraasje yn kaart

Migranten dy’t de grins tusken Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân oerstieken, hawwe in soad spoaren neilitten yn argiven en musea. De oerlevere boarnen en harren fynplakken binne no systematysk beskreaun yn de nije publikaasje Migratiegeschiedenis in Noordwest-Duitsland en Noord-Nederland. It boek, mei oanwizings foar ûndersyk oer de grins hinne, wurdt op sneon 6 april presintearre.

Yn it boek wurde njoggen opstellen fan Dútske en Nederlânske histoarisy bondele. Hja belochtsje de migraasjeskiednis út ferskate tematyske en regionale ynfalshoeken wei. Konkrete foarbylden, mei tips oer de argiven dy't dêr it materiaal foar leverje, komme út de trije Noard-Nederlânske provinsjes (Fryslân, Grinslân en Drinte) en it Weser-Ems-gebiet (Emsland, Ostfriesland, Oldenburg). Ien fan de yllustraasjes komt út Boalsert, dêr’t de Dútske hantsjemier Friedrich Brüggeman yn 1879 nei fjochterij troch de plysje yn de kraach pakt waard. Syn juridysk dossier smyt in skat oan persoanlike en genealogyske gegevens op. Dit en oare foarbylden biede ynspiraasje om sels oan 'e slach te gean mei ûndersyk nei de grinskrusende migraasjeskiednis.

Gearkomste
Redakteuren dr. Marijn Molema (Fryske Akademy) en dr. Meindert Schroor (Waddenacademie) presintearje de bondel op in gearkomste fan de Nederlandse Genealogische Vereniging (NGV) op 6 april 2019 yn 'De Vredehorst' (Zuidwoldigerweg 32, Hoogeveen). De gearkomste begjint om 13.30 oere. Sawol Dútske as Nederlânske histoarisy dy’t bydroegen hawwe oan de publikaasje, sille derby wêze foar it beäntwurdzjen fan fragen.

Print en online
Migratiegeschiedenis in Noordwest-Duitsland en Noord-Nederland ferskynt sawol yn print as online. De online ferzje is fia ‘open access’ beskikber, mei tank oan FID Benelux – Open Access Publications, in service fan de Universiteitsbibliothek Münster. It boek is fergees del te laden fia: http://go.wwu.de/vu733

De útfiering fan “Net(z)werk+”-projekten yn it ramt fan it INTERREG V A-programma Deutschland-Nederland wurdt mooglik makke troch finansiering út it Europäischen Fonds für regionale Entwicklung (EFRE) en troch de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân en it Niedersächsische Ministerium für Bundes- und Europaangelegenheiten und Regionale Entwicklung. Leadpartner fan it projekt Net(z)werk+ is de Eems Dollard Regio (EDR) yn Bad Nieuweschans.