Skip to main content

Gilles de Langen nei Akademy

27 maart 2015 - Provinsjaal archeolooch Gilles de Langen wurdt mei yngong fan 1 april o.s. oansteld as senior ûndersiker midsiuwske archeology by de Fryske Akademy. It giet om in detasjearring yn dieltiid út 'e Provinsje Fryslân wei foar de kommende fiif jier.

Gilles de Langen (1959) jildt as ekspert op it mêd fan 'e terpe-archeology. As provinsjaal archeolooch fan Fryslân hat er de lêste jierren it archeologysk ûndersyk en belied yn dizze provinsje nei in heger plan tild. It wittenskiplik beoefenjen fan 'e archeology krige yn 2011 in ekstra diminsje mei de beneaming fan De Langen ta bysûnder heechlearaar oan 'e Rijksuniversiteit Groningen (RUG), dêr't er de learstoel Archeologie van het Noord-Nederlandse terpen- en wierdenlandschap beset.

De Langen sil by de Fryske Akademy ûnder oare in ûndersyksprojekt liede nei Fryske pleatsen en doarpen yn 'e perioade 800-1300 nei Kr. Dêrnjonken sil er nij ûndersyk entamearje en jonge ûndersikers (promovendy) begeliede.

Mei it oanstellen fan De Langen kriget de midsiuwske archeology mear omtinken yn it ûndersyksprogramma fan 'e Fryske Akademy, dy't de kommende jierren mear ynsette wol op in ynterdissiplinêre oanpak fan it beoefenjen fan skiednis en archeology yn it midsiuwske Fryske kustgebiet tusken Alkmaar en Bremen.

Njonken in wittenskiplik belang wol de Fryske Akademy hjirmei ek in maatskiplik belang tsjinje, nammentlik it op peil hâlden en fierder ûntwikkeljen fan 'e kennis oer it archeologysk, lânskiplik en kultuerhistoarysk erfskip yn 'e provinsje Fryslân. It ûndersyksprojekt fan De Langen by de Fryske Akademy betsjut foar de Provinsje Fryslân in wichtige bydrage oan it trochûntwikkeljen fan archeologysk belied, benammen oan it by de tiid hâlden fan 'e Fryske Archeologyske Monumintekaart Ekstra (www.fryslan.frl/famke).

It is wat de oanstelling by de Fryske Akademy oanbelanget om in parttime funksje te rêden. De Langen bliuwt ek oan 't wurk foar Provinsje Fryslân en de RUG.