Nei jierren fan krewearjen ferskynde it mear as tûzen siden tellende Graet Hylper Wordebook op freed 29 maart 2019. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout. De presintaasje fan it wurdboek wie yn De Foeke te Hylpen, mei bydragen fan sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen en bern fan basisskoalle De Skulpe.
Alhoewol't der al in Hylper Wurdboek bestie, fan Gosse Blom út 1981, is yn 2006 op de Fryske Akademy dochs besletten om in nije en folle wiidweidiger ferzje te meitsjen, om sa de Hylper taal nochris sa goed mooglik te beskriuwen.
Nei jierren fan yntinsyf krewearjen is it wurdboek no klear. It hat mear as tûzen siden, in rekôr foar in Frysk dialektwurdboek. De earste eksimplaren fan it wurdboek binne oanbean oan Dirk Blom (broer fan auteur Gosse Blom), Jannewietske de Vries (boargemaster fan Súdwest-Fryslân) en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.
Links:
- Graet Hylper Wordebook (Afûk-websjop)
- 'Graet Hylper Wordebook: Hoe taal het leven spiegelt' (Friesch Dagblad, 23 maart 2019)
- 'Graet Hylper Wordebook: as de taal it net oprêdt, is dy teminsten fêstlein' (Leeuwarder Courant, 29 maart 2019)