Skip to main content

Grutste Diktee mei 621 dielnimmers

Wopkje Bergmans, winner fan it Grut Frysk Diktee 2018. Foto: Johanna Brinkman/Omrop Fryslân.

Wopkje Bergmans fan Holwert hat woansdeitejûn de iepenloftedysje fan it Grut Frysk Diktee wûn. Sy wie ien fan de seis persoanen dy't de minste flaters hienen yn it Diktee en it spesjale finalespul spile hawwe. Wopkje Bergmans hie trije flaters yn de dikteetekst en kaam it finalespul goed troch. De earste priis bestie út it 'Gouden dakje', twa kaarten foar de Stormruiter en in diner foar twa.

De tekst, dy't dit jier skreaun wie troch de presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal Welmoed Sijtsma, gong oer ûnwennigens nei Fryslân. Wurden dêr't dielnimmers it dreech mei hienen wienen ûnder oare 'krykkrakjende' (twa kear in k) en gin-tonic (mei keppelstreekje).

Wopkje Bergmans fynt it hiel bysûnder no krekt dit jier te winnen: "Fantastysk, dat je dit winne meie. Ik hie it net ferwachte want de meast simpele saken hie ik fout. Mar dy sfear dy't hjir wie makke it ekstra bysûnder. It wie bjusterbaarlik."

Yn de bûtenloft oan de foet fan de Oldehou diene 621 minsken yn 'e iepen loft mei oan it Grut Frysk Diktee. Safolle minsken ha der noch nea op lokaasje meidien mei it Grut Frysk Diktee. In pear fan dy 621 dielnimmers wiene bekende Friezen lykas Lutz Jacobi, Habtamu de Hoop, Wout Zijlstra en Jelle B.

Hjirûnder is it Diktee, dat organisearre waard troch de Afûk, Lân fan taal, de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân, Cedin en Omrop Fryslân noch ien kear folslein te lêzen.

 

    In kleedsje yn de Prinsetún

    It is tiisdeitejûn en twa jonge froulju sitte op it terras. De woelige stêd is fol leven. Auto's jeie foarby, scooters gûnzje en ronkje, krykkrakjende fytsen ride troch read. Stimmen roezemuozje yn in skala oan talen. De fammen, hast tritigers, prate oer harren tiid op de middelbere skoalle.

    It wiene oare lûden, dêr en doe. Moarns ier en betiid heardest se fan fierren oankommen. Swiere fytstassen fol mei kranten, ratteljend tsjin de speaken. Fan Wyns oer Lekkum op Ljouwert oan. De wyn dy't rûsde, klysters dy't songen, de opboarre brommer fan de buorjonge dy't oer de smelle dyk jage.

    Altyd wiene se tegearre. Mei in surfplanke efter de boat oan op 'e Bonkefeart, gekjeie en skatterlaitsje. Op in kleedsje lizze yn de Prinsetún, wachtsje op neat, mar dreame fan alles. Twa dwersbongels dy't skoaltsjeskûlje en sykje om ferdivedaasje yn de Doelesteech. Ta de nacht út dûnsje yn diskoteek Fire, oant it swit harren by de bealch del rint.

    Jierren letter sitte se mei har twaen foar it kafee, hûndertfiifenfjirtich kilometer fan de Aldehou ôf. Mar ynienen liket er hiel tichteby. Se klinke elk mei in glês iiskâlde gin-tonic en beide witte se it: 'Ienkear geane wy werom, dat ús bern it ek meimeitsje kinne.' En dat giet troch, want wat in Fries yn 'e kop hat, hat er net yn 'e kont.