Skip to main content

Harmen Houtman wint dichtwedstriid

De Fryske Akademy rikte sneontemiddei de prizen út oan de winners fan de gedichtewedstriid dy’t earder dit jier útskreaun waard yn it ramt fan Lân fan taal/Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

De twa dichters dy’t in twadde priis, in vvv-bon mei in wearde fan 50 euro, wûn hawwe binne: Lomme Schokker foar syn gedicht ‘akademysk petear’ en Frits Boschma foar ‘Tafallige moeting…….’. It winnende gedicht fan de haadpriis is fan Harmen Houtman: ‘Leaf wurdboek’. Houtman wint dêrmei in dinerbon mei in wearde fan 100 euro.

Op de oprop foar gedichten, krige de Fryske Akademy in 64 ynstjoerings. De gedichten mochten gean oer de Fryske Akademy, de meiwurkers, wittenskippers, de útstrieling, it gebou, de tún of wat mar betocht wurde koe. Der mocht ek dichte wurde oer Fryslân of oer in kombinaasje fan de tema’s. De sjuery hat 10 ynstjoerings útsocht om in plakje yn de tinte yn de Akademytún te jaan, dêr’t de Akademy fan ’t simmer tal fan saken organisearret lykas wurdboeklêzen, kaarten mei ferhalen, taalfilmkes en ferhalen yn oare talen út Ljouwert.

De gedichten binne oant en mei 22 septimber te sjen yn de tinte yn de Akademytún op wurkdagen tusken 10.00 en 17.00 oere en op in tal sneonen fan 11.00-17.00 oere.

 

It winnende gedicht fan Harmen Houtman


      Leaf wurdboek


      By it fjoer socht ik

      de leave wurden

      wer't myn mem my

      eartiids mei treaste koe.....

      'nea opjaan jonkje'

      stie op side 518 en 

      op  747 fûn ik samar

      'wat bin ik grutsk op dy'.

      It flinterfyne papier

      flústere mei de sefte stim

      dy't ik hearde op har skurte

       

      ...en de vlammen

      daansten nog hoger

      doe heit noar me glimkte

      en anvieterend zee:

      'jongien, jow redden et wel!'

       

      en ik... ik sleug et ere woordeboek eupen...