Skip to main content

It Beaken oer de ramp fan 1666

Sakrekt ferskynd is in spesjaalnûmer fan tydskrift It Beaken oer de Ingelske fuery op Flylân en Skylge fan 1666, ûnder gastredaksje fan Rob Leemans en Jan de Vries fan 'e Wurkgroep Maritime Skiednis (WMS).

De lêste jierren hat it wiidweidich ûndersyk fan Anne Doedens en Jan Houter nei de ramp fan 1666 in soad nije kennis opsmiten, ûnder oaren bondele yn harren boek 1666: De ramp van Vlieland en Terschelling (2013). Op 21 jannewaris 2017 hat de WMS in sympoasium organisearre yn Harns oer de ynfloed dy't de ramp hie yn 'e Ingelske Oarloggen en op 'e Nederlânske ekonomy en marineorganisaasje fan doedestiids. Yn it spesjaalnûmer fan It Beaken wurde fjouwer lêzingen, fan Paul C. van Royen, Adri P. van Vliet, Jaap de Kam, Gijs Rommelse en Roger Downing yn artikelfoarm publisearre.

Artikelen online
By it ferskinen fan in nij Beakennûmer wurdt it foarlêste nûmer online beskikber makke yn pdf. No is dat nûmer 1/2 fan jiergong 79, mei ûnder oaren in lang artikel dêr't Kees Draaisma nij ljocht smyt op 'e rol fan Caspar di Robles wat de dikebou yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw oanbelanget.

De Beakenbondel mei artikels fan 'e earste Letterkundedei te Ljouwert fan 7 oktober 2016 is ek online beskikber