Skip to main content

Maatskiplike relevânsje eksellint

De Fryske Akademy docht it poerbêst op it mêd fan maatskiplike relevânsje. Dy wurdearring jout de fisitaasjekommisje dy't yn opdracht fan 'e KNAW de ûndersyksprestaasjes fan it wittenskiplik ynstitút evaluearre hat. De Akademy ferwevet fûneminteel en tapast ûndersyk ûnder mear troch hânfetten te bieden foar provinsjaal taal- en ûnderwiisbelied en mei te wurkjen oan it fersterkjen fan it akademysk klimaat yn Fryslân. Dat ferweve-wêzen mei de maatskippij 'is in feite al sinds de oprichting van de Akademy een integraal onderdeel van haar identiteit', stelt de kommisje yn it fisitaasjerapport dat hjoed online publisearre is.

In seiskoppige eksterne fisitaasjekommisje ûnder foarsitterskip fan prof. dr. Geert Booij hat ein ferline jier de ûndersyksprestaasjes fan 'e Fryske Akademy yn 'e perioade 2009-2014 evaluearre. Dêrta brochten de kommisjeleden yn novimber lêstlyn in besite oan it Fryske ûndersyksynstitút. 'De commissie heeft met genoegen kunnen vaststellen dat de Fryske Akademy een wetenschappelijke instelling is met kwaliteit en potentie', skriuwt foarsitter Geert Booij.

'Onderzoekers van de FA delen hun bevindingen voortdurend. Er worden vele en druk bezochte publiekslezingen gehouden en er verschijnen regelmatig 'populariserende' publicaties van de hand van FA-medewerkers', sa stelt de kommisje. Mar der binne ek kritykpunten. Sa merkt de kommisje op dat de Fryske Akademy him ynternasjonaal noch mear profilearje kinne en moatte soe om yn it wittenskiplik fjild te prestearjen. 'Er zijn wel incidentele publicaties in toptijdschriften, maar het ambitieniveau zou hoger kunnen zijn.'

De Fryske Akademy waard beoardiele op 'e trije kritearia fan it troch KNAW, NWO en VSNU ûntwikkele Standaard Evaluatie Protocol (SEP): wittenskiplike kwaliteit, maatskiplike relevânsje en takomstbestindigens. De Fryske Akademy skoart op it kritearium wittenskiplike kwaliteit goed, op maatskiplike relevânsje eksellint en op takomstbestindigens tige goed.

 

Reaksje Fryske Akademy

Direkteur-bestjoerder Hanno Brand fan 'e Fryske Akademy neamt de konklúzjes fan it rapport 'bemoedigend'. 'De commissie heeft er alle vertrouwen in dat de gewenste kwaliteitsverhoging en internationalisering van de wetenschappelijke output snel kan worden bewerkstelligd', skriuwt Brand yn syn replyk op it evaluaasjerapport.

 

Reaksje KNAW-bestjoer

It bestjoer fan 'e KNAW sprekt yn syn reaksje soarch út oer it predikaat 'goed' foar de ûndersykskwaliteit fan 'e Fryske Akademy. 'Hier heeft de FA nog een relevante verbeterslag te maken', stelt it KNAW-bestjoer, dat foar de kommende jierren konkrete ferbetteringen ferwachtet. 'Het gewenste verbetertraject zal in concrete termen van jaarlijks te behalen doelen worden vastgelegd in een convenant met het instituut.'

 

Undersyksevaluaasje en repliken online

De ûndersyksevaluaasje is te finen op ús side Eksterne beoardieling en op 'e website fan 'e KNAW, mei de replyk fan 'e Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân en it stânpunt fan it KNAW-bestjoer.