Skip to main content

'Skriuwfeardigens yn memmetaal fuortsterkje'

De beheinde skriuwfeardigens yn de eigen taal is foar Friezen de grutste drompel om it Frysk net, of minder faak, te brûken op sosjale media. Dat konkludearret Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy yn har ûndersyk nei de taalkar fan Friezen op sosjale media. Jongbloed presintearret har ûndersyk op tongersdei 3 desimber oan deputearre Sietske Poepjes.

Earder hat Jongbloed ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media. Foar it ferfolchûndersyk hat se no, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, in grutte enkête holden en ferskate djipteynterviews dien ûnder Friezen fan alle leeftiden. Har rapportaazje Friezen op sosjale media jout in byld fan hoe’t Frysktaligen, jong en âld, omgean mei harren memmetaal op sosjale media. Sa wurdt it Frysk hjir neffens Jongbloed krekt wat makliker brûkt troch jongeren as troch âlderen; it Frysk fan jongeren is faker fonetysker as dat fan âlderen.

 

Stipe fan Provinsje ûnmisber

Twa tredde fan de sirka 1200 dielnimmers oan de enkête hie it Frysk graach better leard. Dêr leit neffens Jongbloed de wichtichste taak fan de Provinsje Fryslân – it alhiel ferbetterjen fan de skriuwfeardigens fan it Frysk. ‘De groei fan it tal trijetalige skoallen is hiel posityf, mar ek op reguliere skoallen kin it omtinken foar it Frysk optimalisearre wurde’, stelt Jongbloed yn har rapportaazje.

 

Skriuwûnderwiis

‘Troch de komst fan sosjale media liket de drompel om Frysk te skriuwen lytser te wurden’, seit deputearre Sietske Poepjes. ‘In tal fan de oanbefellings út it ûndersyk slút oan op ús belied. Sa binne wy dwaande mei de realisaasje fan mear digitale taalhelpmiddels. At der mear digitale stipe is, is de ferwachting dat der ek mear Frysk skreaun wurdt. En mei it ûntheffingsbelied bringe wy ûnder oare yn byld oft in skoalle oan it skriuwûnderwiis takomt. At dat net it gefal is, sille wy de skoallen stypje om dêr wol oan ta te kommen.’