Skip to main content

Taskforce rapportearret oer Akademy

It Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat in spesjaal komitee fan saakkundigen frege om ûndersyk te dwaan nei de takomstbestindigens fan de Fryske Akademy en nei de fraach hoe’t it ynstitút yn in Fryske kennisynfrastruktuer goed gearwurkje kin mei oare wittenskiplike organisaasjes.

Yntusken hat dizze Taskforce Fryske Akademy dêroer rapportearre en ôfrûne tiisdei de risseltaten taljochte oan it Kolleezje. It Kolleezje fynt it wichtich dat de befinings en oanbefellings sa gau as mooglik ter kennis komme fan Provinsjale Steaten. It rapport is dêrom woansdei nei de Steaten stjoerd.

Oanlieding foar it ûndersyk wie in earder hâlden Gateway Health Check. Dat dokumint is no ek oanbean oan Provinsjale Steaten. Op basis fan de ûndersiken en oanbefellings wurket de provinsje yn oerlis mei it Ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip, de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen en de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy in ynhâldlik foarstel út. Dat sil de kommende tiid barre.

"Alle arguminten stean no op in rychje. It is oan deputearre steaten en dan oan provinsjale steaten om no besluten te nimmen," seit ynterim-direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy yn in radiopetear op Omrop Fryslân.

Neffens de ynterim-direkteur is it wichtich dat de ûntwikkelingen provinsjewiid droegen wurde. "We moatte as wittenskiplike ynstellingen sjen hoe't wy mei syn allen it ferhaal fan Fryslân fertelle. De provinsje moat dêr de rezjy yn nimme, dat stiet ek yn de oanbefellings. Ik kin my hiel goed foarstelle dat wy dan folle mear gearwurkje moatte mei de Campus Fryslân."

Mear ynformaasje: