Skip to main content

Wurdboekskriuwers gear yn Ljouwert

Foto's: Hindrik Sijens

Goed 50 ynternasjonale wittenskippers, wurdboekskriuwers en –saakkundigen komme fan fannemiddei oant en mei freed (12-14 juny) gear yn Ljouwert by de Fryske Akademy en yn it WTC Westcord foar de 10th International Conference on Historical Lexicography and Lexicolology (ICHLL).

Fannemiddei binne de konferinsjegasten ferwolkomme op de Fryske Akademy mei in resepsje, dêr’t de dielnimmers yn ’e kunde brocht binne mei it Fryske leksikografyske wurk op ús ûndersyksynstút.

Histoaryske leksikografy
De konferinsje biedt in grut ferskaat oan lêzingen en presintaasjes. Tongersdei komt Andreas Deutsch (Universiteit Heidelberg) oan it wurd oer Aldfryske termen yn it Deutsches Rechtswörterbuch. Alyaxey Yaskevich sil oan de hân fan in Wyt-Russysk- Russysk wurdboek de tûkelteammen by del fan de digitalisearring fan soksoarte materiaal yn de eardere Sovjet-Uny. In hiel oar ferhaal hâldt Maria Flaksman oer onomatopeeën (‘klanknabootsing’) en hoe’t dat troch de tiid hinne him ûntjûn hat yn de (etymologyske) wurdboeken.

De mooglikheden en útdagings yn de histoaryske wurdboekskriuwerij fan lytse(re) talen komme oan bod by de lêzing fan Elisabeth Berchtold (Université de Neuchâtel); hja docht dat oan de hân fan it Ald-Frankoprovensaalsk wurdboek. Katrien Depuydt fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie sil fertelle oer it wurkjen oan in leksikografyske ynfrastruktuer foar histoarysk Nederlânsk wurdboekmateriaal.

'Leksikografyske grutmacht’
Chiara Bertulessi (Universiteit Milaan) komt freed oan it wurd oer de ‘leksikografyske grutmacht’ Sina. Yn Sina hawwe ferskate kearen grutte nasjonale wurdboekplannen west. Yn de lêzing wurdt sjoen nei de relaasje tusken leksikografyske aktiviteiten, polityk en ideology. Yn de lêzing fan Tanneke Schoonheim (Instituut voor de Nederlandse Taal) komt de relaasje oan bod tusken it Aldfrysk en it Aldnederlânsk en hoe’t soks byinoar komt yn it Oud Nederlands Woordenboek.

De slotlêzing op freed is in takomstperspektyf fan John Considine fan de Universiteit fan Alberta. Njonken dat it wichtich is om te sjen nei wat der al dien is, is it ek fan belang om foarút te sjen wat der nedich is foar de takomst.

 

Folsleine programma
It folsleine programma is te finen op www-fryske-akademy.nl/ichll10