Skip to main content

Veni-beurs foar Marjoleine Sloos

Postdoktoraal ûndersiker Marjoleine Sloos fan de Fryske Akademy kriget in Veni-beurs foar har ûndersyk nei taalregels en twataligens ûnder Friezen.

Sloos is sûnt jannewaris 2016 dwaande as postdoktoraal ûndersiker by de Fryske Akademy. Har ekspertize leit benammen op it mêd fan ‘e fonetyk en fonology fan twataligens en twaddetaalakwisysje.

Yn har Veni-ûndersyk sil Sloos analysearje hoe’t twatalige Friezen omgean mei ôfwikende taalregels yn it Frysk en Nederlânsk. Yn it Nederlânsk wurdt de n oan ’e ein fan in meartals- of tiidwurdsfoarm faak weilitten. Yn it Frysk wurdt dêrfoaroer de stomme e faak weilitten. Undersyk út 1987 lit sjen dat beide klankregels – it weilitten fan de n en fan de stomme e – yn beide talen foarkomt. Dêrby die bliken dat dy ferwikseling faker foarkomt by âldere sprekkers en minder by jongere sprekkers. Jongere sprekkers lykje yn dat opsicht net allinne it Nederlânsk mear standert út te sprekken, mar ek it Frysk.

It ûndersyk dat Marjoleine Sloos de kommende jierren útfiere sil, giet nei oft dy tendins trochset. Dêrby wurdt ûndersocht oft der ferskillen binne yn ‘e útspraak fan âldere en jongere sprekkers, manlike en froulike sprekkers en sprekkers mei útinoar rinnende opliedingsnivo’s.

Sloos is ien fan ‘e 158 ûndersikers dy’t dit jier in Veni-beurs fan de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) kriget. Mei in Veni-beurs kinne talintfolle jonge wittenskippers foar de doer fan trije jier harren ûndersyk fierder útwurkje.

Sjoch ek har website www.marjoleinesloos.com en it oersjoch fan takenningen Veni-beurzen 2016.