Skip to main content

Event detail

Lêzing: Op syk nei de Fikingen yn Europa - it muntbewiis

Simon Coupland, is as ûndersiker ferbûn oan Cambridge University. Yn juny is Coupland as gastûndersiker by de Fryske Akademy oan it wurk. Op útnûging fan de Fryske Akademy en it Argeologysk Wurkferbân hâldt Coupland in lêzing op tiisdeitejûn 21 juny, om 19.30 oere op de Fryske Akademy.

Tritich jier lyn wie der net folle bewiis foar de Fiking-ynfallen op it kontinint yn de 9e iuw, mar benammen troch de groei fan metaaldeteksje is der no in groeiende hoemannichte materiaal dy't harren oanwêzigens ûntbleatet. Dat omfettet muntfynsten yn Denemarken dy 't it bestean fan earder ûnbekende hannel tusken Fikingen en Franken bleatlizze, Skandinavyske sulverschatten begrave op kontinintale boaiem, Frankyske skatten ferburgen út eangst foar Fikingoanfallen, Arabyske en Angelsaksyske munten dy 't troch de ynkringers nei Nederlân brocht binne en imitaasjes slein binne troch Skandinaviërs yn harren besetting fan Frankysk grûngebiet

Dizze lêzing wurdt holden yn it Ingelsk. We besykje de slides yn it Nederlânsk oer te setten.

Opjefte

It bywenjen fan de lêzing is fergees. It is yn ferbân mei it beheind tal beskikbere plakken wol needsaaklik om jo yn it foar oan te melden. Jo kinne dat dwaan oant uterlik 7 juny fia https://fryske-akademy.nl/form/coupland/