Skip to main content

Broadening Perspectives in the History of Dictionaries and Word Studies

Broadening Perspectives in the History of Dictionaries and Word Studies befettet fyftjin bydragen dêr 't de taalkundige en literêre grûnslaggen fan leksikografy en leksikology yn ûndersocht wurde. It boek is gearstald en redigearre troch Hans Van de Velde (Fryske Akademy) en Frederic T. Dolezal en publisearre troch Cambridge Scholars Publishers. De artikels binne basearre op lêzingen jûn op de 10 th International Conference for Historical Lexicography and Lexicology dy 't yn juny 2019 yn Ljouwert plakfûn.

Yn twa bydragen nimt it Frysk in sintraal plak yn. Frits van de Kuip, Janneke Spoelstra en Willem Visser (allegearre Fryske Akademy) jouwe in histoarysk oersjoch fan de leksikografy fan it Frysk. Andreas Deutsch giet yn op de Fryske rjochtstaal yn it Deutsches Rechtswörterbuch.

Dêrneist befettet it boek stúdzjes fan Kroätyske, Tsjechyske, Ingelske, Grykske en Turkske histoaryske wurdboeken, fan twatalige Russysk-Tadzjykske terminologyske wurdboeken, fan de leksikografy fan it Faroers en fan it Sineesk en oer klanknabootsing yn histoaryske wurdboeken. Der is in soad omtinken foar de digitalisearring fan wurdboeken en de bondel ferbrede de krityske perspektiven op de stúdzje fan manuskripten en printe artefaten, wurdboeken en standertfariëteiten, biografyen; bibliografy en tekstanalyzes, wurdboekproduksje en korpus - en digitale analyzes.

De kartoteek fan it Wurdboek fan de Fryske Taal is de blikfanger op 'e flap.

Mear ynformaasje is fia dizze link te finen. Dêr kin it boek ek besteld wurde.