Skip to main content

Fryske ferzje yn Speakaboo-app foar logopedisten beskikber

Alle Frysktalige bern yn Fryslân groeie meartalich op. Meastal giet dat goed, mar dat is net altiten sa en dy bern wurde dan faak trochferwiisd nei in logopedist. Logopedisten krije pas in goed byld fan de taal- en spraakûntjouwing fan meartalige bern as sy dy bern yn al harren talen ûndersykje kinne. Oant koartlyn wiene der gjin logopedyske ynstruminten foarhannen om de klankferwerving by jonge Frysktalige bern te ûndersykjen. Dêrom is der no in Fryske ferzje fan de Speakaboo-app ûntwikkele.

 

Spraakûntwikkeling by Frysktalige bern

Speakaboo is in fergese app fan Kentalis. De app wurdt troch logopedisten as observaasje-ynstrumint ynset om op boartlike wize de spraakûntjouwing fan meartalige bern te ûndersykjen. Mei allinnich in Nederlânske test krijt in logopedist gjin folslein byld fan de spraakûntjouwing by in Frysktalich bern. Dêrneist is noch nea goed ûndersocht hoe’t de klankferwerving by Frysktalige bern ferrint. Sûnder dy kennis is it dreech om op in betroubere wize spraaksteurnissen te diagnostisearjen en goed te behanneljen. Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy hat dêrom in Fryske ferzje fan de Speakaboo-app ûntwikkele, fergees beskikber is foar logopedisten.

 

Fryske ferzje Speakaboo-app

De Fryske ferzje is yntusken tafoege oan alle oare talen yn de Speakaboo-app: www.kentalis.nl/speakaboo. De ûntwikkeling fan de Fryske ferzje is troch Stichting De Friesland mooglik makke. De Speakaboo-app wurket op sawol in Android-tablet as IPad.

 

Grutskalich ûndersyk nei Fryske en Nederlânske klankferwerving

De Speakaboo-app sil de kommende jierren brûkt wurde yn in grutskalich ûndersyk nei de Fryske en Nederlânske klankferwerving fan jonge Frysktalige bern. Op dy wize ha logopedisten net allinnich in standerdisearre ynstrumint yn hannen om de fonologyske ferwerving fan jonge Frysketalige bern ûndersykje te kinnen, mar ek betroubere ynformaasje oer de folchoarde fan klankferwerving fan it Frysk. Dat jout logopedisten goede hânfetten jouwe by de terapy fan dy bern.