Skip to main content

Graet Hylper Wordebook nominearre foar dr. Joast Halbertsmapriis

De nominearren fan de dr. Joast Halbertsmapriis binne bekend. In ûnôfhinklike sjuery selektearre út mear as 200 wurken fiif kânshawwers foar dizze provinsjale priis. Gosse Blom en Siebren Dyk binne nominearre foar it Graet Hylper Wordebook.
 

Graet Hylper Wordebook

Freed 29 maart 2019 wie de presintaasje fan it Graet Hylper Wordebook. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout.

It Hylpersk is in dialekt fan it Frysk, mar hat in eigen ûntjouwing trochmakke, sadat it hjoed-de-dei aardich fan it gewoane Frysk ôfwykt. Yn dy sin is it te ferlykjen mei de Fryske dialekten fan Skylge en Skiermuontseach. It Hylpersk falt op troch syn konservatisme: ferskate eigenskippen fan it Aldfrysk binne der yn werom te finen.

Alhoewol't der al in Hylper wurdboek(je) bestie (Gosse Blom: Hylper Wurdboek, 1981), is yn 2006 op de Fryske Akademy dochs besletten om in nije ferzje te meitsjen, om sa de Hylper taal nochris sa goed mooglik te beskriuwen. It Graet Hylper Wordebook hat mear as tûzen siden, in rekôr foar in Frysk dialektwurdboek.
 

Dr. Joast Halbertsmapriis

De dr. Joast Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. De priis is yn 1947 ynsteld en wurdt ien kear yn ‘e fjouwer jier útrikt. Op 31 maart sil de offisjele útrikking yn de Sint Pitertsjerke fan Grou, it berteplak fan dr. Joast Halbertsma, wêze. Mear ynformaasje oer de dr. Joast Halbertspriis is hjir te finen.