Skip to main content

Rekôrtal dielnimmers kwalifikaasje

[Translate to English:] Foto: Julian Kock

Rekôrtal dielnimmers oan kwalifikaasje It Grut Frysk Diktee

Der hawwe dit jier 257 minsken meidien oan de kwalifikaasje foar It Grut Frysk Diktee. De 15 bêsten dêrfan meie meidwaan oan de grutte finale op 17 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Op woansdei 18 maaie om 20.30 oere stjoert Omrop Fryslân it diktee út.

It nivo fan de ynstjoerders lei dit jier goed heech, in hiel soad dielnimmers hiene it kwalifikaasjediktee rom foldwaande makke, seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy: ‘’De 15 dielnimmers dy’t meidogge oan de finale sitte kwa skoare hiel ticht byinoar en binne dus allegearre potinsjele winners fan It Grut Frysk Diktee, it kin noch hiel spannend wurde!’’.

De dikteetekst is dit jier skreaun troch Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop en hat as tema ‘sport’.

Teams
Neist de offisjele kwalifikaasje, is der dit jier in nij elemint oan it diktee taheakke. Der dogge nammentlik ek seis teams mei dy’t ûnderinoar de striid mei inoar oangeane. Der is in team mei direkteuren, dêr’t ûnder oaren Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân, Anne Hettinga fan Arriva en Marijke Akkerman fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek yn sitte. Yn it team mei bekende Friezen sitte ûnder oaren presintator Sipke Jan Bousema, sjonger Joop Obama en shorttrackster Rianne de Vries. De oare fjouwer teams binne de studinten, de Friezen om utens, politisy en de Freonen fan Omrop Fryslân.

De winner fan It Grut Frysk Diktee giet nei hûs mei ‘it gouden dakje’. Foar it winnende team is der in aparte priis.

Pak pinne en papier derby!
Minsken dy’t nei it programma sjogge, kinne thús sels ek meiskriuwe. De dikteetekst wurdt yn de útstjoering trochrûn en besprutsen, mar is nei ôfrin ek te finen op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan Cedin, de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer It Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

It Grut Frysk Diktee is op woansdei 18 maaie om 20.30 oere te sjen by Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman.