Page 7 of 8.
Nov
18 novimber 2016 – It Biltsk is net in dialekt, mar in mingtaal, skriuwe trije auteurs yn International Journal of the Sociology of Language.
7 novimber 2016 - De Akademy sil yn 'e mande mei it kennissintrum KEI NOF ûndersyk dwaan nei de metaalsektor yn Noardeast-Fryslân.
2 novimber 2016 – De Akademy moat him ûntjaan ta it bêste saakkundichheidssintrum meartaligens fan Europa, fynt ús Maatskiplike Advysried.
Oct
7 oktober 2016 – Op 'e earste Dei fan 'e Fryske Letterkunde is de Skripsjepriis 2014-2016 útrikt oan Nienke Jet de Vries.
4 oktober 2016 – Us byld fan Frysk sulver is in 19de-iuwske konstruksje, stelt Peter Schoen, dy't tongersdei oansteande yn Leien promovearret.
Sep
29 septimber 2016 - De website Taalweb.frl is hjoed fernijd mei nije staveringshifkers en in digitaal Frysk Hânwurdboek.
23 septimber 2016 – By de restauraasje fan 'e tsjerke fan Terkaple is in net-alledeiske fynst dien, meldet ús grêfskriftekommisje.
9 septimber 2016 - Saskia Bak, Jannewietske de Vries, Cees Buisman en Johannes Boonstra binne hjoed ta Akademylid beneamd.
9 septimber 2016 – Prinses Laurentien hat fan 'e middei de fernijde gebouwen fan 'e Fryske Akademy offisjeel iepene.
2 septimber 2016 – Hjoed hawwe de gruttere Fryske taalynstânsjes it Taalkonvenant ûndertekene yn it ramt fan it KH2018-programma Lân fan Taal.
Aug
24 augustus 2016 – It earste ûndersyk út in rige fan fjouwer stúdzjes nei ekonomysk belied yn 'e regio Noardeast-Fryslân is publisearre.
24 augustus 2016 - Renommearre (keunst)histoarisy rekonstruearje de bouskiednis fan de Fryske Akademy yn in rynsk yllustrearre boek.
12 augustus 2016 – Har Keninklike Heechheid Prinses Laurentien iepenet freed 9 septimber ús fernijde en restaurearre gebouwekompleks.
8 augustus 2016 - In nije en folle wiidweidiger ferzje fan it Woa'deboek fan ut Amelands ferskynt yn novimber 2016. Tekenje no yn!
Jul
18 july 2016 - De Fryske Akademy hat hjoed syn nije website lansearre. It wie sa njonkenlytsen ek tiid foar in nij jaske.
15 july 2016 - Postdoktoraal ûndersiker Marjoleine Sloos kriget in Veni-beurs foar har ûndersyk nei taalregels en twataligens ûnder Friezen.
Jun
18 juny 2016 - Sosjolinguïst Van de Velde freget mear omtinken yn taalbelied foar it sprutsen Frysk. Hjoed ljochtet er himsels neier ta yn 'e LC.
May
20 maaie 2016 - Yn 'e mande mei hegeskoalle Van Hall Larenstein sil de Fryske Akademy ûndersyk dwaan nei de eardere suvelskoalle yn Boalsert.
17 maaie 2016 - Trije dagen lang wurdt de Fryske Akademy alhiel dominearre troch de r-lûden. Undersikers út de hiele wrâld strike del foar 'r-atics 5.
11 maaie 2016 - Fedde Dijkstra fan Wurdum hat it Grut Frysk Diktee 2016 wûn. Mei 10 flaters kaam Dijkstra as bêste dielnimmer út de bus.
Mar
29 maart 2016 - It Grut Frysk Diktee giet wer los. Wa’t meidwaan wol kin yn oanmerking komme troch it meitsjen fan it kwalifikaasjediktee.
16 maart 2016 - Histoarysk ûndersyk wjerskanten fan 'e grins: dat is it stribjen fan it Dútsk-Nederlânsk skiednisnetwurk dêr't hjoed mei úteinset is.
14 maart 2016 - De earste Dei fan 'e Fryske Letterkunde is op 7 oktober 2016, 350 jier nei't it testamint fan Gysbert Japix foarlêzen waard.
Feb
19 febrewaris 2016 - De Fryske Akademy docht it poerbêst op it mêd fan maatskiplike relevânsje. Dat skriuwt de fisitaasjekommisje yn syn rapport.
18 febrewaris 2016 - Troch it mânsk krewearjen fan frijwilligers en de stipe fan 'e Provinsje Fryslân is it Frysk as oersettaal opnommen yn Google Translate.