Skip to main content

Fryske bedriuwsskiednis

Ekonomyske klusters

Yn it koepelprojekt ‘Fryske bedriuwsskiednis’ wurdt in trijetal ûndersiken útfierd. Yn it foarste plak giet it om in skiednis fan it famyljebedriuw Douma Staal yn Snits. Yn it twadde plak wurdt mei in oral history de rol fan wurknimmers yn ’e modernisearring fan suvelfabriken yn ’e perioade 1955-1980 ûndersocht. It tredde ûndersyk hat betrekking op de histoarje fan ’e Suvelskoalle yn Boalsert. Dizze projekten wurde presintearre op 16 desimber 2016 by it Sieperda Sympoasium op de Noard-Nederlânske Lânboubeurs. Tagelyk ferskine artikels yn in temapart fan it histoarysk jierboek De Vrije Fries.

 

Undersykstema
Ekonomyske klusters

Projektlieder
dr. Marijn Molema

Meiwurkers
Jan Ybema, Ronald Plantinga

Rintiid
01/01/2016-01/03/2017

Finansiere troch
Boelstra Olivier Stichting, Douma Staal, Douwe Kalma Stifting, FB Oranjewoud, Fryske Akademy Fûns, Fries Genootschap, Van Hall Larenstein

Gearwurkingsferbân mei 
Fries Genootschap, Noord-Nederlandse Landbouwbeurs, Universiteit Utrecht

 

De begripen ‘kennis’ en ‘ynnovaasje’ foarmje it sulver en goud fan ’e regionaal-ekonomyske polityk. Oerheden, ûndernimmers en kennisynstellingen stribje nei nije, kennisyntinsive produkten en tsjinsten. Har syktocht is fansels op ’e takomst rjochte. Dochs leannet it om ek efterom te sjen. Histoarysk ynsjoch kin in bydrage leverje oan belied dat rjochte is op kennis dreaune ynnovaasje. Histoarisy kinne helpe om de ekonomyske kwaliteiten yn in regio te (w)erkennen. Mei har narrative feardichheden kinne sy de ynstruminten en rânebetingsten beskriuwe, ûnder ynfloed wêrfan’t ekonomyske fernijing makke of kreake wurdt. Bewustwurding fan it ekonomyske ferline helpt by it krekt beoardieljen fan in kar foar de takomst.

Dat mission statement driuwt it koepelprojekt ‘Fryske bedriuwsskiednis’. Ien fan ’e ûndersiken rjochtet him op it mikronivo fan ien bedriuw (Douma Staal) om te sjen ûnder hokker omstannichheden oft dat bedriuw fan 1918 ôf troch him oan te passen oerlibje kinnen hat. Twa oare ûndersiken rjochtsje har op kollektive foarsjenningen en har effekt op ’e Fryske agrofoodsektor as gehiel. It giet om de Suvelskoalle yn Boalsert en de Fryske suvelkonsulint. In fjirde ûndersyk besjocht hoe’t suvelfabryksmeiwurkers yn ’e perioade 1955-1980 omgiene mei modernisearring en yn hoefier’t se dêr in aktive rol by spilen.

Mei dizze fariearre gearstalling oan histoaryske kasuïstyk hoopje wy de rânebetingsten te eksplorearjen, dêr’t kennis en ynnovaasje yn in regio ûnder florearje. We hoopje ek mear kennis te krijen fan it type en de spesifike tapassing fan ynstruminten, dy’t kennis dreaune ynnovaasje yn in regio befoarderje. De resultaten sille presintearre wurde op it Sieperda Sympoasium mei as titel: ‘Kennis en ynnovaasje yn ’e Fryske bedriuwsskiednis’. De resultaten sille ek dellein wurde yn in tematysk part fan De Vrije Fries.

‘Fryske bedriuwsskiednis’ is in projekt dat op himsels stiet. Binnen it ûndersykstema ‘Ekonomyske klusters, 1870-no’ wurdt it projekt ek sjoen as begjin fan in skiednis fan ’e agrofoodsektor yn Fryslân. Dy skiednis moat in syntetyske monografy wurde, dêr’t de grutte linen fan ’e moderne lânbou en ferwurkjende yndustry yn beskreaun wurde. 

Gean nei: