Skip to main content

Online Nederlânsk-Frysk wurdboek

Taaldeskripsje en standerdisearring

It online Nederlânsk-Frysk wurdboek ferfangt in yntusken ferâldere wurdboek út 1985. It betsjinnet twa brûkersgroepen: net-Frysktaligen en de twatalige Friezen, dêr’t de measten fan leard ha om Nederlânsk te skriuwen, mar (noch) net wend binne om Frysk te skriuwen. It maatskiplik belang is dat de Fryskpraters in helpmiddel bean wurdt by it skriuwen fan it Frysk. It wittenskiplik belang leit yn it omgean mei tûkelteammen dy’t ynherint binne oan de (twatalige) leksikografy fan minderheidstalen. De Nederlânske data yn it Algemeen Nederlands Woordenboek fan it INL foarmje it útgongspunt. It nije wurdboek slút oan by de yntinsje dy’t de provinsjale oerheid útsprutsen en formulearre hat om it Frysk te befoarderjen en te beskermjen.

Undersykstema
Taaldeskripsje en standerdisearring

Projektlieder
Prof. dr. Hans Van de Velde

Meiwurkers
Ylse Fardou de Boer MA, drs. Pieter Duijff, Martijn Kingma MA, dr. Frits van der Kuip (2016-2021), drs. Hindrik Sijens, Janneke Spoelstra MA, dr. Willem Visser, dr. Liuwe Westra

Rintiid
01/01/2016-31/12/2022

Finansiere troch
Fryske Akademy, Provinsje Fryslân

Gearwurkingsferbân mei 
Instituut voor de Nederlandse Taal

 

It Nederlânsk-Frysk wurdboek fan 1985 is ferâldere: der sil tsjintwurdich mear socht wurde nei in wurd as 'spamfilter' as nei in 'yndernetsfûke'.

It nije online Nederlânsk-Fryske wurdboek is in produksjewurdboek dat de brûkers yn steat stelt om Fryske teksten te produsearjen. Ta dy brûkers hearre fansels net-Frysktaligen, mar benammen ek de twatalige Friezen, dêr’t de measten fan leard ha om Nederlânsk te skriuwen, mar (noch) net wend binne om Frysk te skriuwen. Ut finansjeel-praktyske redenen is ynearsten net keazen foar in Frysk-Nederlânsk wurdboek.

Dit projekt is om trije redenen relevant. Yn it foarste plak is der in driuwend maatskiplik ferlet. It lêste Nederlânsk-Fryske wurdboek datearret fan 1985 en is mei it each op de fluch feroarjende wurdskat bot ta oan modernisearring. Boppedat jout it te min synonimen, foarbylden, konstruksjes, kollokaasjes en útdrukkings. Wat mear oft dêrfan yn it wurdboek opnaam wurde, wat krekter oft de mooglikheden en ûnmooglikheden fan it Frysk yn ferlykjen mei it Nederlânsk nei foarren brocht wurde kinne.

Fierder slút it nije wurdboek oan by de yntinsje dy’t de provinsjale oerheid útsprutsen en formulearre hat, om it Frysk te befoarderjen en te beskermjen en sil it yn it realisearjen dêrfan in wichtige rol spylje.

Yn it twadde plak is der in wittenskiplik belang. Yn it twatalige Fryslân, dêr’t it Nederlânsk dominant is, is de posysje fan it Frysk sa swak dat mear en mear Nederlânske wurden en konstruksjes yn it Frysk opnaam wurde. Oer dit ûnderwerp hat de ôfdieling Leksikografy fan de Fryske Akademy yn de oanrin nei it projekt yn april 2015 in ynternasjonale konferinsje organisearre oer de rol fan leksikografy yn de standerdisaasje en suvering fan lytsere talen en minderheidstalen, taspitst op it probleem fan de kar tusken ûntliening en purisme. Fierder blykt út de praktyk dat it betsjinjen fan ferskillende brûkersgroepen mei ien wurdboek beskate gefolgen hat foar de makro- en mikrostruktuer fan in wurdboek. Om in foarbyld te jaan: by elts Nederlânsk wurd is neist de Fryske wjergader yn in útklapskerm ynformaasje te finen oer de fonetyske en grammatikale aspekten fan it Fryske wurd, dy’t gewoanwei krekt troch in Frysk-Nederlânske wurdboek bean wurdt.

It projekt hat net allinne in teoretysk-leksikologysk belang, mar wol, yn it tredde plak, ek in bydrage leverje oan de praktyk fan de elektroanyske leksikografy. Dy stiet noch min ofte mear yn de berneskuon, en de ynternasjonale leksikografy profitearret út soarte fan útwikseling fan kennis en ûnderfining. De Fryske Akademy is dan ek fertsjintwurdige yn it Cost-netwurk ENeL (2013-2017). De doelstelling dêrfan is it ûntwikkeljen fan in wittenskiplik wurdboekportaal foar alle Europeeske talen en it streamlynjen fan de moderne, elektroanyske leksikografy.

De earste 30.000 wurden binne ûnderwilens klear (maart 2022) en binne opnommen yn Frysker [link: https://frysker.nl/]

  

Publikaasjes

Duijff, P., van der Kuip, F. J., Sijens, H., & Visser, W. (2016). User Contributions in the Online Dutch-Frisian Dictionary.

van der Kuip, F. J., & Visser, W. (2018). Introduction to Special Issue: Lexicography of Smaller Languages: Between Foreignism and Purism. International Journal of Lexicography, 31(2), 127-131. https://doi.org/10.1093/ijl/ecy005

van der Kuip, F. J. (Guest ed.), & Visser, W. (Guest ed.) (2018). Special Issue: Lexicography of Smaller Languages: Between Foreignism and Purism. International Journal of Lexicography, 31(2), 127-248. https://doi.org/10.1093/ijl/ecy005

Duijff, P., & van der Kuip, F. J. (2018). Lexicography in a Minority Language: A Multifunctional Online Dutch-Frisian Dictionary. International Journal of Lexicography, 31(2), 196-213. https://doi.org/10.1093/ijl/ecy009

Sijens, H., Duijff, P., van der Kuip, F. J., Spoelstra, J., Van de Velde, H., & Visser, W. (2020, Apr 2). Koroanawurdlist. https://www.fryske-akademy.nl/koroanawurdlist/

Sijens, H., & Van de Velde, H. (2020). The Formation of Neologisms in a Lesser-used Language: The Case of Frisian. Dictionaries: journal of the Dictionary Society of North America, 41(1).

F. van der Kuip en H. Sijens (2014). The Online Dutch-Frisian Dictionary – Workflow. In: Workflow of Corpus-based Lexicography. Cost EneL WG3 meeting, Bolzano 19 July 2014.