Skip to main content

De Fryske folksmilysjes yn de lette midsiuwen en de iere sechstjinde iuw

Macht, besit en romte yn Fryslân

De bysûndere autonomy fan Fryslân yn de midsiuwen hie net bestean kind as dy net militêr befochten en ferdigene wie troch de Friezen sels. De grûnslach dêrfoar wie de algemiene ‘warplicht’. Fryslân hie gjin feodaal systeem, mei ynset fan ridders op hynders. De bestjoerders en rjochters fan it lân moasten by driigjend gefaar betrouwe op de ynset fan alle warbere manlju tusken 18 en 60 jier, organisearre neffens gemeente en parochy. Tsjin 1500 wienen dy folksmilysjes net mear opwoeksen tsjin profesjonele hiersoldaten fan eksterne machthawwers dy’t it lân by harren territoarium foegje woenen. Likegoed wie harren rol doe noch net útspile. Yn dit boek wurde, mei as begjinpunt de Meunsterlisten fan 1552 (listen fan manlju mei harren wapenrissing) de opset, organisaasje en ynset fan de Fryske folksmilysjes fan noch earder analysearre. Yn it boek sil ek in edysje fan de Meunsterlisten publisearre wurde, dy’t net allinne foar histoarysk ynteressearren, mar ek foar genealogen fan belang is.

 

 

Undersykstema
Macht, besit en romte yn Fryslân

Projektlieder
prof.dr. Hans Mol

Meiwurkers
drs. Peter van der Meer

Rintiid
01/01/2010-31/12/2016

Finansiere troch
Fryske Akademy

Gearwurkingsferbân mei 
Universiteit Leiden

 

 

Yn it Fryslân fan de lette midsiuwen is faak en in protte fochten. Dat jildt foar it hiele kustgebiet tusken Alkmaar en Bremen dat Frysk neamd waard, mar by útstek foar it sintrale stik Fryslân, dat leit tusken Fly, Lauwers en Linde. Benammen yn de desennia foar en nei 1500 wie it wapengekletter rûnom te hearren. Hûnderten deaden en ferwûnen binne doe fallen, folle mear as yn hokker lettere perioade dan ek.

Oant de midden fan de fyftjinde iuw wie de haadrol yn Fryske oarlochsfiering weilein foar de Friezen sels: de manlju fan 18 jier en âlder, boeren en boargers dy’t harren hûs en hiem ferdigenje koenen, neist of ûnder lieding fan selskeazen rjochters en bestjoerders. Nei 1450 waarden se militêr sprutsen stadich mar wis ferkrongen troch profesjonele bûtenlânske hiersoldaten: de saneamde lânsfeinten mei harren bewapening fan spyts of slachswurd. Dy waarden nei ferrin fan tiid yn grutte hoemannichten ynset troch legeroanfierders yn tsjinst fan foarsten dy’t belangstelling hienen yn it fêstigjen fan lânshearlik bewâld yn Fryslân.

Harren gefjochtskrêft blykte alle kearen grutter te wêzen as dy fan de Fryske warbere manlju. Soks betsjut lykwols net dat dy tsjinstplichtigen tenei oan de sydline kamen te stean. Wy komme har ek nei 1515 noch allegeduerigen tsjin yn de boarnen, opkommend foar de belangen fan harren plak of krite.

Har militêre betsjutting is oant no ta noch net goed ûndersocht. Der hoecht net oan twifele te wurden dat se gauris lytsman makke waarden waarden, mar it is ek wis dat de oarlochfierende partijen harren tige faak om har ynbring fregen.

De fraach twingt him op hoe’t de ynset fan de Fryske gemeentelegers him ûntjûn hat, en hoe’t it ôftakjende belang dêrfan krekt wurdearre wurde moat. Soks om mear sicht te krijen op de ein fan de Fryske Frijheid, mar ek om in oantrún te jaan oan de stúdzje fan folksmilysjes yn Noardwest-Europa yn it algemien. De Fryske kasus sil sûnder mis de militêr-histoaryske kennis fan de ynset fan (goedkeape) warplichtige ‘amateurs’ versus (djoere) profesjonals fergrutsje.

Monstercedulle (meunsterlist) foar Barradiel (1552)

It útgongspunt foarmje de foar Nederlân unike meunsterlisten dy’t foar 1552 foar goed de helte fan de Fryske stêden en gritenijen bewarre bleaun binne, mei harren opjefte fan mei namme neamde manlju en harren wapenrissing. Dy wurde yn in yntegrale edysje yn it twadde diel fan it boek útjûn.

Mei de gegevens dy’t se befetsje, kinne noch wer âldere berjochten oangeande de folkslegers út benammen de Fryske kroniken, neier ûntlede wurde. Dêrby komme ek de slaggen by Starum (1345) en De Kúnder (1396) oan bod, mar de klam leit op de perioaden 1480-1500 en 1514-1524, doe’t Fryslân syn politike selsstannigens ferlear.

 

Sjoch ek: