Skip to main content

Kleasters en besit in midsiuwsk Fryslân tusken Fly en Iems

Macht, besit en romte yn Fryslân

Oan de ein fan de midsiuwen wienen yn de Fryske lannen tusken Fly en Iems mear as 80 kleasters fan ûnderskate oarders te finen. Dêrmei hie dit gebiet in relatyf ticht kleasterlânskip. Mei-inoar hienen dy ynstellings om 1500 hinne sa likernôch 20% fan de kultuergrûn yn hannen, wêrmei’t se in machtsfaktor fan belang wienen. Ut ekonomysk en sosjaal perspektyf wienen it net allinne agraryske produksjesintra, mar ek leveransiers fan religieuze tsjinsten dy’t foar sponsors en de eigen mienskip it paad nei de himel sljochtsje moasten. De fraach dy’t sintraal stiet yn it langrinnende ûndersyk nei de kleasters yn Fryslân en Grinslân is hoe’t yn dat polityk ‘frije’ gebiet sûnder grutte territoriale hearen de kleasters safolle besit en macht krije koenen, en hoe’t dat besit him yn de rin fan de tiid ûntjûn hat.

 

 

Undersykstema
Macht, besit en romte yn Fryslân

Projektlieder
prof.dr. Hans Mol

Meiwurkers
prof.dr. Gilles de Langen

Rintiid
oant 31/12/2019

Finansiere troch
Fryske Akademy

 

 

Biddende nonnen, miniatuer út de lette trettjinde iuw.

Rûnom yn midsiuwsk Fryslân moatte de klokken te hearren west ha. It galme benammen út de tuorren en dakruters fan kleasters wei. Sân dagen de wike en acht kear it etmiel waarden koartsjinsten oankundige en útlet. Der wie gjin doarp of buorskip yn it kustgebiet tusken Fly en Iems dêr’t net de bongel fan it iene of oare konvint te hearren wie. Om 1500 hinne waarden yn Westerlauwersk Fryslân 50 en yn Grinslân goed 80 kleasters teld, dy’t hearden ta 13 ûnderskate oarders.

Hoewol’t al dy religieuze huzen mei harren bewenners fan de wrâld ôfkeard wêze woenen, wienen se dêr ek wer sterk yn oanwêzich. De measte kleasterkompleksen wienen fan fierren al te sjen. Se hienen in fikse omfang, mei in grut tal gebouwen op ommuorre terreinen, mei grêften dêromhinne. In soad hienen fierder in rige grutte pleatsen ta harren foldwaan, dy’t muontsehuzen of foarwurken neamd waarden en oant sa likernôch 1400 troch eigen lekebruorren eksploitearre waarden. Dêr koe ek in kapel oan ferbûn wêze. Soms wienen se sa grut fan opset dat it wol lytse kleasters liken.

Foar de kleasters tusken Fly en Iems koenen oant no ta net minder as 170 dokumintearre wurde. Der wienen ommers tal fan parochytsjerken dy’t troch kleasterlingen betsjinne waarden, om’t it pastoarsamt mei it byhearrende fûns op in gegeven stuit oan de oangeande abdij of priorij skonken wie. Men koe dus gjin fiif kilometer rinne sûnder del te kommen by in troch bruorren of susters bewenne abdij, priorij, úthôf of pastorij.

Koartsein, de midsiuwer yn it Noarden moat tige fertroud west ha mei it wurk en de wize fan libjen fan muontsen en nonnen, ek al die er net deistich in berop op harren tsjinsten.

 

 

De Sistersjinzer abdij fan Klaarkamp by Rinsumageast, op in terp dy’t yn de Romeinske tiid al bestie.

Besit en begeunstiging

Ek oare kultuergebieten yn West-Europa, lykas Flaanderen en it Rynlân, ha ticht besiedde west mei kleasters. It Fryske kleasterlânskip liket kwa gearstalling benammen bysûnder te wêzen om’t it meastepart bestie út konvinten dy’t yn de tolfde en trettjinde iuw stifte waarden. Dan giet it om kleasterferienings dy’t harren huzen noch op it plattelân fêstigen, om’t se ôfhinklik wienen fan ynkomsten út grûnbesit. De lanlike kleasters beskaten hjir dus it byld. Dat jildt ek noch foar de tiid nei 1400, doe’t it spektrum mear kleuren krige troch it optreden fan herfoarmingskongregaasjes en de stifting fan in grut tal folkrike, mar kwa materiële útrissing beskieden susterhuzen yn en by de stêden.

De âldste kleasters waarden begeunstige troch de grûnbesittende elite en waarden op ’en doer grutgrûnbesitters. Doe’t de Reformaasje geande wie, hienen se mei-inoar sawat ien fyfde fan de kultuergrûn yn hannen. Gjint fan dizzen wie oars as superryk oan te tsjutten, mei útsûndering fan Aduard. Op ’t lêst foelen de Fryske kleasters mear op troch harren mienskiplike rykdom as troch harren yndividuele ekspânsje.

Yn de langrinnende stúdzje dy’t Hans Mol oan dy kleasters wijd hat en noch altiten wijt, stean it besit en de begeunstiging sintraal. De bedoeling is om der yn 2018 in gearfetsjende monografy oer út te bringen. Yn it foarste en wichtichste plak wurdt dêryn neigien hoe ryk of earm oft de kleasters úteinlik wienen of waarden, en hoe’t soks fan ynfloed wie op harren eigen funksjonearjen en dat fan de maatskippij. Dêrom wurdt in soad omtinken jûn oan hoe’t harren besit ferkrigen en harren goed beheard waard, wêrby’t ek de agraryske, ekonomyske en lânskiplike betsjutting fan de kleasters op it aljemint komt. In twadde eachmerk is om fia de ûntleding fan it begeunstigingspatroan sicht te bieden op de maatskiplike wurdearring foar de kleasters en de feroarings dy’t dêryn plakfûn ha.

In efterlizzend doel is om de Fryske ûntjouwing yn it Europeeske perspektyf te setten. De Fryske kasus liket krekt sa bot de muoite wurdich om’t it gebiet yn de midsiuwen gjin lânshearlik bewâld koe – wat útsûnderlik wie – en dêrom ek net bûn wie oan foarstlike tradysjes op religieus mêd. De kleasterlike sieleheilsmerk wie hjir dus iepen foar frije kompetysje, sawol tusken de oarders ûnderinoar as tusken de potinsjele begeunstigers.

Fan de metoaden dy’t foar dizze stúdzje tapast wurde, biede twa nije en ynteressante resultaten: de rekonstruksje en retrospektive analyze fan it kleasterbesit op basis fan GIS; en de analyze fan skinkings yn testaminten. Fierder wurde alle mooglike boarnen – fan oarkonden en kroniken oant archeologyske en bouhistoaryske befinings – yn de skôging belutsen.

 

 

Kleaster Lidlum, stifte yn 1182, hie Muontsebajum (1186) as ôfhinklik frouljuskleaster.

Publikaasjes

In ynlieding op dizze tematyk is te finen yn it opstel ‘Bemiddelaars voor het hiernamaals. Kloosterlingen in middeleeuws Frisia [PDF - 244 kB]’, yn de katalogus fan de útstalling 'Hel en hemel' dy't yn de simmer fan 2001 yn it Groninger Museum holden waard. Sjoch hjirûnder de meast resinte kleasterpublikaasjes fan Hans Mol, sûnt 2008.


* J.A. Mol, ‘Die friesischen Johanniterklöster im Mittelalter’, in: Hajo van Lengen (ed.), Zur Geschichte des Johanniter-Ordens im friesischen Küstenraum und anschliessenden Binnenland. Beiträge des Johanniter-Symposiums vom 11. Bis 12. Mai 2007 in Cloppenburg-Stapelfeld (Cloppenburg 2008) 42-65.
* J.A. Mol, ‘Kloosters in Westerlauwers Friesland’, in: D. Kooistra e.a. (red.), Frieslands verleden. De Friezen en hun geschiedenis in vijftig verhalen (Leeuwarden 2008) 78-83.
* J.A. Mol, ‘Epiloog: de Moderne Devotie en de vernieuwing van het kloosterlandschap in Nederland’, in: Hildo van Engen en Gerrit Verhoeven (red.), Monastiek observantisme en Moderne Devotie in de Noordelijke Nederlanden (Hilversum 2008) 213-231.
* J. van Moolenbroek en J.A. Mol, ‘Inleiding’, in: J. van Moolenbroek en J.A. Mol (ed.), De abtenkroniek van Aduard. Studies, editie en vertaling (Hilversum/Leeuwarden 2010) 9-17.
* J.A. Mol en J. Delvigne, ‘Het klooster, het land en het water’, in: J. van Moolenbroek en J.A. Mol (ed.), De abtenkroniek van Aduard. Studies, editie en vertaling (Hilversum/Leeuwarden 2010) 153-172.
* J.A. Mol, ‘Bezitsverwerving en goederenbeheer van de abdij van Aduard’, in: J. van Moolenbroek en J.A. Mol (ed.), De abtenkroniek van Aduard. Studies, editie en vertaling (Hilversum/Leeuwarden 2010) 173-202.
* J.A. Mol, ‘Kerken, kloosters en belangen’, in: K. Jansma (ed.), Het verhaal Wûnseradiel … dat âlde, âlde paad (Leeuwarden 2010) 60-71.
* J.A. Mol, ‘Inleiding’, in: H. van Engen en K. van Vliet (red.), De nalatenschap van de Paulusabdij (Hilversum 2012) 9-22.
* R. Bärenfänger en J.A. Mol, ‘Die ehemaligen Klosterplätze im Küstengebiet / De voormalige kloosterplaatsen in het kustgebied’, in: J. Kegler (red.), Land der Entdeckungen / Land van ontdekkingen. Die Archäologie des friesischen Küstenraums / De arcehologie van het Friese kustgebied (Aurich 2013) 296-309.
* J.A. Mol, ‘Monasteries and water management in the Frisian coastal plain. The reconstruction of landed property as a trigger for new research on the chronology of embankment and drainage’, in: E. Thoen e.a. (red.), Landscapes or seascapes? The history of the coastal environment in the North Sea area reconsidered. Corn Publication Series 13 (Turnhout 2013) 267-286.
* J.J. Feikens en J.A. Mol, ‘ De nieuwbouw van het cisterciënzer klooster Mentern, ca. 1290-1300. Een verkenning van de ruimtelijke structuur’, Groningerkerken 2015, nr. 1.
* J.A. Mol, ‘The Cistercian Model? The Application of the Grange System by the Various Religious Orders in the Frisian Coastal Area, 1150-1400’, The Medieval Low Countries. An Annual Review 1 (2014 [2015]) 205-233.