Skip to main content

Sieperda-sympoasium 2016

 

Foto: Lânboukolleksje AFRON, Tresoar

Grave nei de woartels fan de Fryske kennisekonomy

    Datum en tiid: freed 16 desimber 2016 | 13.00-17.00
    Plak: WTC Expo, Ljouwert (yn it ramt fan 'e Lânboubeurs)
    Utnûgingsfolder: download (pdf)

Hoe garre it Fryske bedriuwslibben eartiids nije kennis en feardichheden? In team fan histoarisy hat him de ôfrûne tiid yngeand mei dy fraach dwaande holden. Foar in breed publyk wurdt dit nije ûndersyk presintearre op it Sieperda-sympoasium, dat dit jier folslein yn it teken stiet fan Fryske bedriuwsskiednis. De organisaasje is yn hannen fan de Fryske Akademy en it Fries Genootschap.

Meast tekenjend foar de moderne Fryske ekonomy is it ynternasjonale súkses fan de agribusiness. Sa binne de Fryske ko en de byhearrende suvelyndustry wrâldwiid ferneamd. De bydragen op it sympoasium konsintrearje harren op foarbylden út it agraryske bedriuwslibben en de suvelyndustry. By it sympoasium wurdt troch lêzingen en debat yngien op de aktualiteit: wat kin it ferline ús leare yn it stribjen nei in fearkrêftige ekonomy?

 

Programma

12.30Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee
13.00Wolkom troch deifoarsitter Ria Kraa (sjoernaliste/einredakteur Friesch Dagblad)
Iepeningswurd troch deputearre Sander de Rouwe
Marijn Molema (histoarikus 19e en 20e iuw, Fryske Akademy): ‘Wortels van de Friese kenniseconomie’
Binne de Haan (ûndersiker Biografie Instituut Rijksuniversiteit Groningen): ‘Agrarische bedrijfsveranderingen 1955-1980: enkele observaties uit een oral history-project’
Presintaasje jierboek De Vrije Fries troch Hotso Spanninga (foarsitter Keninklik Frysk Genoatskip) en Joop Koopmans (redaksjefoarsitter De Vrije Fries)
14.15Skoft mei tee en kofje
14.45Martha Kist (kolleksjefoarmer, Tresoar) en Ronald Plantinga (sosjaal-ekonomysk histoarikus, Fryske Akademy): ‘Beeldverhaal over de eerste (1889-1899) en tweede (1904-1995) Suvelskoalle Bolsward’
Jan Ybema (kultuerhistoarikus, Fryske Akademy): ‘Trochleare en omstean leare. Individu en modernisering in de Friese zuivel’
Diskusje oer it nut fan skiednis foar kennisdreaun ynnovaasje mei Wendy Zuidema (direkteur Food & Dairy, Hogeschool Van Hall Larenstein), Lieuwe Tamminga (foarsitter Lânboukundich Wurkferbân) en Marijn Molema
16.00Ofsluting, mei oanslutend neipetear mei in hapke en in drankje

 

Opjefte en kosten

Oanmelde kin fia dit opjefteformulier op dizze side. Dielname oan it sympoasium (ynklusyf kofje/tee, oranjekoeke en buorrel) kostet € 12,50. Foar leden en stipers fan de Fryske Akademy en leden fan it Fries Genootschap kostet dielname € 7,50.

Graach de befêstigingsmail as bewiis fan betellen meinimme nei it sympoasium.

Koarting Noord-Nederlandse Landbouwbeurs
Dielnimmers oan it sympoasium kinne mei € 5,00 koarting nei de Noord-Nederlandse Landbouwbeurs dy't fan 14 oant 17 desimber ek yn it WTC Expo holden wurdt.

N.B. de koartingsbon foar de Landbouwbeurs wurdt freed oansteande by it sympoasium útrikt. Dit fanwegen de koarte tiid om it noch te ferstjoeren.